It Stasjon Kammingabuorren (Lwc) is in stasjon yn it easten fan de stêd Ljouwert, yn de wyk Kammingabuorren. It stasjon waard op 2 juny 1991 iepene doe't de bou fan de nijbouwyk Kammingabuorren hast dien wie. It stasjon leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It stasjon hat gjin stasjonsgebou of loket, mar wol in 'abri' en in kaartautomaat. De treinen op it spoar fan Ljouwert nei Grins binne fan Arriva.
Treintsjjinsten Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - sneins en jûns nei 20:00: 1x it oere (2022)* Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Ljouwert Camminghabuorren Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1991