De Skriezen (Limosa) binne in skaai út de famylje fan 'e Snipfûgels.

Skaaimerken Skriezen binne waadfûgels mei lange poaten en in lange snaffel. It binne echte trekfûgels, in wyfke fan de gewoane skries hat it wrâldrekord fan 'e langste flecht sûnder stopjen fan 'e lânfûgels.

Klassifikaasje Famylje: snipfûgels (Scolopacidae) Skaai: skriezen (Limosa) Soarte: skries (Limosa limosa) Soarte: Hudsonskries (Limosa haemastica) Soarte: heawylp of reade skries (Limosa lapponica) Soarte: moarmerskries (Limosa fedoa)

Utstoarne soarten Fierder binne der ek twa fossilen fûn fan útstoarne skriezen. By Lompoc yn 'e Feriene Steaten is Limosa vanrossemi fûn. Ek yn Frankryk is in fossyl fûn dy't de namme Limosa gypsorum krige hat, mar it is net dúdlik at dit no in skries as in wylp wie. Miskien is dit ek wol in mienskiplike foarâlder fan 'e skriezen en wylpen en miskien ek wol oare snipfûgels.

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Snipfûgel