Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.

2009 is it: Ynternasjonale Kalvynjier fanwegen it fiifhûndertste bertejier fan de protestantsk tsjerkherfoarmer Jehannes Kalvyn. Darwinjier 2009 fanwegen it twahûnderste bertejier fan de natuerûndersiker en biolooch Charles Darwin. Ynternasjonale Jier fan de Astronomy, as betinking oan de 400e jierdei fan Galileo's earste waarnimming mei in teleskoop.

Foarfallen jannewaris 1 - Noarwegen fiert it homohoulik yn. 1 - Slowakije fiert de euro yn as muntienheid 1 - By de brân yn de Santika Club, in nachtklub yn 'e Taiske haadstêd Bangkok, komme 66 minsken om. 1 - Tsjechje wurdt foar in heal jier foarsitter fan de Europeeske Uny. 1 - Gazprom slút de ierdgas tafier nei de Oekraïne. 3 - Alaska makket sûnt 50 jier ûnderdiel út fan de Feriene Steaten. 5 - Ahmed Aboutaleb wurdt de nije boargemaster fan Rotterdam, hy folget Ivo Opstelten op. 7 - Gazprom slút ek de gastafier nei Jeropa troch de Oekraïne. 15 - It Amerikaanske ferkearsfleantúch US Airways-flecht 1549 komt boppe New York-Stêd koart nei it opstiigjen yn botsing mei in flecht guozzen. De piloaten meitsje in súksesfolle needlâning op de rivier de Hudson en alle 155 ynsittenden komme mei de skrik frij. 17 - Israel kundiget in sjitferbot oan dat de deis dêrnei yngiet. Ek Hamas kundiget sels in sjitferbod oan. 18 - De bloedige Gaza-oarloch tusken Israel en de militante Palestynske Hamas-beweging einiget yn in wapenstilstân. 19 - It earste Fryske Hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt útrikt oan minister Ronald Plasterk fan Underwiis. It is it earste Fryske wurdboek dat de ferklearrings yn it Frysk jout. 20 - Yn Iislân begjinne de protesten tsjin de Iislânske Bankekrisis. 20 - Barack Obama wurdt ynaugurearre as de 44e presidint fan 'e Feriene Steaten. Hy is de earste swarte persoan dy't dat amt beklaait. 21 - Israel lûkt syn troepen werom út 'e Gaza-stripe. Dêrtroch komt de status quo ante werom. De bloedige Gaza-oarloch hat gjin resultaten opsmiten. 26 - Op Iislân stoart it nasjonale banksysteem yn as gefolch fan 'e Iislânske Bankekrisis (2008-2011). Premier Geir Haarde treedt ôf.

febrewaris 1 - De ôftreden premier Geir Haarde fan Iislân wurdt opfolge troch Jóhanna Sigurðurdóttir, dy't dêrmei de earste regearingslieder fan 'e wrâld wurdt dy't iepentlik lesbysk is. 1 - Kirill fan Moskou folget syn ferstoarne foargonger Aleksej II op as patriarch fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. 2 - De Iraanske presidint Machmûd Achmadinejad makket bekend dat Iran syn earste satellyt de romte yn sketten hat; de satelyt hat de namme Omid. 7-14 maart - By de boskbrannen fan Swarte Sneon, de deadlikste boskbrannen út 'e skiednis fan Austraalje, komme yn 'e Australyske steat Fiktoaria 173 minsken om. Fierders reitsje mear as 500 lju ferwûne en likernôch 7.500 persoanen dakleas. 10 - In Russyske en in Amearikaanske satellyt klappe op elkoar boppe Sibearje, dêr't in grutte mannichte romte-ôffal troch ûntstiet. 10 - De Postbank giet op yn de ING. 12 - It Amerikaanske ferkearsfleantúch Colgan Air-flecht 3407 stoart koart foar de lâning yn Buffalo (New York) del op in wenwyk, wêrby't 50 minsken omkomme. 12 - Geert Wilders wurdt de tagong ta it Feriene Keninkryk ûntsein. 21 - 8 maart - Stifting It Fryske Boek organisearret de Fryske Boekewiken. 25 - De saneamde Poldercrash yn Nederlân: Turkish Airlines-flecht 1951, mei 7 bemanningsleden en 128 passazjiers oan board, stoart del op in ikker deunby Skiphol. Der komme 9 minsken om. 26 - De eardere Servyske presidint Milan Milutinović wurdt troch it Joegoslaavjetribunaal yn De Haach frijsprutsen fan oarlochsmisdieden ûnder de Kosovo-oarloch.

maart 2 - João Bernardo Vieira, de presidint fan Guinee-Bissau, wurdt fermoarde by in wapene oanfal op syn residinsje yn Bissau. 3 - In bus mei Sri Lankaanske kriketspilers wurdt ûnder fjoer naam yn Lahore, Pakistan. Acht minsken ferstjerre en guon oaren reitsje ferwûne. 4 - It Ynternasjonaal Strafhôf yn De Haach lit in arrestaasjebefel útgean foar de Sûdaneeske presidint Omar al-Basjir, dy't oanklage wurdt foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid yn 'e Oarloch yn Darfoer. Dit is de earste kear dat der in arrestaasjebefel útfurdige wurdt tsjin in sittend steatshaad. 11 - Yn it Dútske Winnenden sjit in 17-jierrige op syn âlde skoalle 15 minsken dea en docht himsels dan tekoart. 11-21 - De Nederlânske Boekewike. 17 - Nei in moanne fan ûnrêst wurdt op Madagaskar by in steatsgreep presidint Marc Ravalomanana ôfset. 21 - It ôfskiedskonsert fan Pigmeat. 26 - Foar de twadde kear yn in moanne tiid barst Mount Redoubt yn Alaska út. De fulkaan is al sûnt jannewaris ûnrêstich. 31 - De NAFO hâldt in top yn De Haach. 31 - Fredesdemonstranten twinte in yllegale demonstraasje ôf yn De Haach.

april 1 - Albaanje en Kroaasje wurde lid fan 'e NATO. 4 - De Deen Anders Fogh Rasmussen wurdt keazen om fan 1 augustus ôf Jaap de Hoop Scheffer op te folgen as sekretaris-generaal fan de NAFO. Lars Løkke Rasmussen wurdt de nije premier fan Denemark. 5 - Op Antarktika brekt in iisskosse fan it Wilkins Ysplato ôf dy't likegrut is as in fearn fan Nederlân. 6 - By in ierdbeving fan 6,3 op 'e skaal fan Richter yn 'e neite fan 'e Italjaanske stêd L'Aquila komme 308 minsken om en reitsje nochris goed 1.500 oaren ferwûne. Tsientûzenen minsken wurde dakleas. 18 - UNESCO begjint mei de Digitale Wrâldbibleteek 19 - Fuotbalklup AZ fan Alkmar wurdt lânskampioen fuotbal. 27 - De Amerikaanske steat Iowa fiert it homohoulik yn. 27 - Yn Jeropa wurde de earste gefallen fan besmetting mei de nije bargegrypfariant H1N1 befestige. Dêrmei is de gryp ek bûten it Amearikaanske kontinint ferspriede. It firus is dan wis oantroffen yn de Feriene Steaten, Kanada, Spanje en Skotlân. 29 - Nei oanlieding fan de útbraak fan de Meksikaanske gryp is troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de alarmfaze feroare nei nivo 5 (it ien nei heechste nivo), de lêste faze foardat sprutsen wurde kin fan in pandemy. Dy ferheging is benammen yn sein nei de oerheden en de farmaseutyske yndustry oer de heule wrâld om harren ta te riede op fierdere fersprieding. 30 - Minister fan Folkssûnens Ab Klink makket bekend dat ek yn Nederlân in gefal fan de Meksikaanske gryp fêststeld is. It giet om in bern fan 3,5 jier; it wurdt behannele en de tastân is net slim. 30 - Op Keninginnedei yn Nederlân riidt Karst Tates mei syn auto yn Apeldoarn yn op it publyk yn in fergees besykjen om in oanslach te dwaan op 'e bus mei de Nederlânske keninklike famylje. By dizze oanslach op Keninginnedei komme 8 minsken om, ynkl. Tates sels.

maaie 1 - Sweden fiert it homohoulik yn. 1 - De maksimumfaasje foar persoane-auto's mei oanhingweinen of kerevens op de autosneldyk yn Nederlân giet omheech fan 80 km/o nei 90 km/o ride. 8 - By in grutte oanfal fan Pakistan op de Taliban yn de Swatdelte komme wis 77 opstannelingen en 35 boargers om hals. 9 - It wurdt offisjeel befêstige dat ek yn Austraalje, Japan en Panama de Meksikaanske gryp oanwêzich is. 9 - Jacob Zuma wurdt oansteld as presidint fan Súd-Afrika. 9 - De hurdfytser Tom Boonen wurdt betrape op it brûken fan kokaïne. Hy wurdt tydlik út syn ploech Quick•Step setten. Inkele dagen letter wurdt ek bekend dat hy net meidocht oan de Omgong fan Frankryk. 12 - De Nederlânske ynstjoering foar it Eurofyzjesongfestival, De Toppers, komme net troch de heale finale, wêrtroch't se net meidwaan meie oan it haadbarren op 16 maaie. 16 - Alexander Rybak wint foar Noarwegen it Eurofyzjesongfestival mei it ferske Fairytale. 17 - SK It Hearrenfean wint yn de finale fan de KNFB Beker fan FC Twente. 18 - De Srylankaanske Boargeroarloch einiget mei de finale nederlaach fan 'e opstannige Tamyl Tigers (LTTE) en de Srylankaanske Genoside fan regearingstroepen tsjin 'e Tamyl-befolking. 23 - Horst Köhler fan de CDU wurdt troch de bûnsgearkomste werkeazen as bûnspresidint fan Dútslân. 25 - Noard-Korea hâldt foar de twadde kear in núkleêre test yn de provinsje Noard Hamgyong. De Feilichheidsrie fan de Feriene Naasjes feroardield de test. 31 - De Amerikaanske pro-abortusaktivist George Tiller wurdt by in oanslach yn Wichita (Kansas) fermoarde troch de fûnemintalistysk-kristlike anty-abortusaktivist Scott Roeder.

juny 1 - It ferkearsfleantúch Air France-flecht 447 stoart ûnderweis fan Rio de Janeiro nei Parys del yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan as de piloaten disoriïntearre reitsje. Alle 228 ynsittende komme om. 4 - Yn Nederlân en yn it Feriene Keninkryk wurde ferkiezings hâlden foar it Jeropeesk Parlemint. Yn Nederlân is de PVV de grutte winners, ek D66 en GrienLinks winne, grut ferlies is der foar de PvdA. 5 - Op de Sealterfryske Wikipedia wurdt it tûzenste artikel skreaun. 11 - De útbraak fan 'e bargegryp kriget fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de status fan pandemy. Dizze sykte sil yn 214 lannen en territoaria it libben kostje oan teminsten 18.138 minsken. 12 - Machmûd Achmadinejad is werkeazen as presidint fan Iran. De wiken dêrnei demonstrearje tûzenen minsken fan de opposysje tsjin de resultaten fan de ferkiezings. 13 - Op it Ynterfrysk Kongres yn it Eastfryske Lier stelt de Fryske Rie in offisjele Ynterfryske flagge fêst. 13 - It begjin fan 'e Iraanske ferkiezingsprotesten soarget foar massale demonstraasjes yn 'e Iraanske haadstêd Teheran en oare grutte stêden, nei't de progressive presidintskandidaat Mir-Hossein Mûsavi mei stimbusfraude fan 'e oerwinning ôfholden is troch it sittende regear fan it lân. Der falle ferskate deaden ûnder de demonstranten as de autoriteiten hurd yngripe, en úteinlik bliede de protesten yn febrewaris 2010 dea sûnder wat bedijd te hawwen. 25 - Michael Jackson ferstjert yn Los Angeles op 50-jierrige leeftyd. 28 - By in steatsgreep yn Hondoeras wurdt de demokratysk keazen presidint Manuel Zelaya ôfset troch syn konservative politike tsjinstanners, dy't in skyndemokratyske diktatuer ynstelle. 30 - It ferkearsfleantúch Yemenia-flecht 626 stoart by de Komoaren del yn 'e Yndyske Oseaan. Fan 'e 153 ynsittenden oerlibbet inkeld de 12-jierrige Bahia Bakari de fleanramp.

july 4 - It Fryske Wikiwurdboek hat foar it earst likefolle yngongen as de Fryske Wikipedy. 15 - It ferkearsfleantúch Caspian Airlines-flecht 7908 stoart del yn 'e neite fan 'e Iraanske stêd Kazvyn, wêrby't alle 168 ynsittenden omkomme. 16 - Tsjin 'e eftergrûn fan 'e Iislânske Bankekrisis stimt it parlemint fan Iislân, it Alþing, foar it iepenjen fan ûnderhannelings oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny. 17 - By twa bomoanslaggen troch islamistyske terroristen op it JW Marriott Hotel en it Ritz-Carlton Hotel yn 'e Yndonezyske haadstêd Djakarta komme 9 minsken om. 26 - De terroristyske organisaasje Boko Haram begjint in opstân yn it noardeasten fan Nigearia. 29 - De 152e PC wurdt wûn troch, Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei, Daniel Iseger. 31 - 6 augustus - De 74e Snitswike wurdt hâlden.

augustus 3 - Bolivia erkent as earste lân yn Súd-Amearika it rjocht fan 'e lânseigen befolking op selsbestjoer. 4 - Yn Nederlân falt it earste slachtoffer fan de Meksikaanske gryp. It giet om in jongen fan 17 jier dy't al bot siik wie. 4 - De Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-il ferlient twa Amearikaanske sjoernalisten graasje nei dat Bill Clinton in mjitting hie mei Kim. De sjoernalisten wienen in arrestearre omdat se yllegaal yn it lân wêze soenen. 7 - De tyfoan Morakot tsjocht oer Taiwan hinne en feroarsaket dêr 673 deaden en de slimste wettersneed yn in heale iuw. 14 - It Feriene Keninkryk skoarret it selsbestjoer fan 'e Turks- en Kaikoseilannen op nei't by in ûndersyk bewiis foar grutskalige korrupsje fan 'e oerheid fan it oerseeske gebietsdiel boppe wetter kommen is. 16 - De Jamaikaan Usain Bolt rint in nij wrâldrekord op de 100 meter, 9,58 sekonde. 21 - Hawaï makket sûnt 50 jier diel út fan de Feriene Steaten fan Amearika. 29 - Yn Assen giet de 64e edysje fan de Vuelta fan start.

septimber 1 - De Amerikaanske steat Fermont fiert it homohoulik yn.