thumb|Juw Juwinga troch Piter Feddes fan Harns Juw Juwinga fan Boalsert (berne ? - by Skoattersyl, 29 augustus 1396) wie de alfte potestaat fan Fryslân.

De namme wurdt ek wol skreaun as Julius Jongema, en soms as Ju Jonghema. Juw hat fochten tsjin de greven fan Hollân en sneuvele op 29 augustus 1396, yn de slach by Skoattersyl yn Weststellingwerf tsjin Albrecht fan Beieren.

It famyljewapen fan it eale geslacht Juwinga is in giel fjild mei trije spûkjes, 2 boppe en ien ûnder.

Petrus Thaborita skriuwt oer Ju Jonghema, dat Starum troch de Hollanners tebaarnd en berôfd waaard en dat Ju yn 1396 stoar mei in soad oare eale "Vriefen", mei-inoar 600 man.

Sjoch ek List fan hearskers yn Fryslân

Literatuerferwizing eds., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) s.v. Juw Juwinga.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Potestaat fan Fryslân Kategory:Haadling Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan stoarn yn Bantegea Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1396 Kategory:Skiednis fan Fryslân