Foarfallen maaie - Kening Kserkses I fan Perzje tsjocht mei in ûnbidich grutte legermacht op troch Traasje en Masedoanje, mei as doel om foargoed ôf te weven mei de Grykske stêdsteaten, dy't oanfierd wurde troch Atene en Sparta. 11 augustus - Yn 'e Slach by Termopylee hâlde de Spartaanske kening Leönidas en syn 300 man tellende liifwacht, ûnderstipe troch in kontingint fan 700 man út Tespiai, it ûnbidich grutte leger fan 'e Perzyske kening Kserkses I twa dagen lang tsjin yn in berchpas. De Spartanen fjochtsje oan 'e lêste man troch, en kinne inkeld troch de Perzen ferslein wurde trochdat in pleatslike skiephoeder in ienheid Perzen oer de bergen hinne liedt, sadat dy de Spartanen yn 'e rêch oanfalle kin. 21 septimber - It Perzyske leger plonderet Atene, mar de ynwenners binne foartiid evakuëarre nei it eilân Salamis. 22 septimber - De Ateenske generaal Temistokles ferdylget de Perzyske float yn 'e Slach by Salamis, foar de kust fan Atene.
Berne datum ûnbekend Euripides, Ateensk toanielskriuwer († 406 f.Kr.)
Ferstoarn
Kategory:5e iuw f.Kr.