thumb|120px|left|famyljewapen Hania thumb|F.l.n.r Gale Hania, Sytse Dekama en Odo Botnia, potestaten fan FryslânMakker: Pieter Feddes fan Hârns Gale Hania (Weidum, 13?? - Arum, 1380) wie de trettjinde potestaat fan Fryslân.

De namme wurdt ek wol skreaun as Hanja, Hanya. Gale wie ôfkomstich fan de Hanya State noardeast fan Penjum, yn de gritenij Wûnseradiel. De wei lâns dizze state hjit tsjintwurdich de Hanialeane.

Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden nei Lúntsjerk werombrocht.

Fan it geslacht Hania binne trije ûndertekeners fan it Ferbûn fan de Eallju, nammentlik Jorryt, Otto en Leo Hania.

Sjoch ek List fan hearskers yn Fryslân - Historie van het Verbond der Edelen, Stik II, side 447 en 448.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Potestaat fan Fryslân Kategory:Haadling Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn Weidum Kategory:Persoan stoarn yn Arum Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1380