Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in Wâld-gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert. De gemeente hie op  ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim., Hoe Achtkarspelen de fusiedans ontsprong, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 19.

Plakken De gemeente telt 17 wenplakken. It haadplak is fan de gemeente Tytsjerksteradiel is Burgum. Sûnt 1989 binne de plaknammen offisjeel Frysktalich.

Doarpen De folgjende plakken lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel: +PlaknammeOantal ynwennersAldtsjerk695Burgum10.095Earnewâld395Eastermar1.580Feanwâldsterwâl -Garyp1.880Gytsjerk2.280Hurdegaryp5.095Jistrum935Mûnein725Noardburgum2.387Oentsjerk2.060Ryptsjerk765Sumar1.365Suwâld635Tytsjerk1.610Wyns260 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/. It oantal ynwenners fan Feanwâldsterwâl is net krekt bekend omdat Feanwâldsterwâl gjin eigen postkoade hat, en it doarp is ferdield oer de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.

Buorkskippen De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel: Alde Miede, Altenburch, Bartlehiem (diels), De Joere, Gaastmabuorren, Gytsjerksterhoeke, De Hallingen, De Harste, It Heechsân, De Iest, Iniaheide, Kûkherne (diels), Lânsbuorren, De Lytse Geast, De Mearen, Nijstêd, Noardermar, Quatrebras, Sânhuzen, Sigerswâld, Skûlenboarch, Snakkerbuorren, Sumarreheide, Swarteweisein en It Wytfean.

Mar Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder, De Leien.

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen

Polityk Ferdieling gemeenteried De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bestiet út 23 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022 ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022% sitten%sitten CDA 23,6 6 18,6 5 FNP 18,9 5 20,0 5 GrienLinks 15,0 3 9,4 2 VVD 13,9 3 10,4 2 PvdA 11,6 3 12,1 3 KristenUny 10,8 2 8,9 2 D66 6,8 1 5,9 1 BVNL 0 0 14,7 3 ûnjildich & blanko 0,3 0,1 opkomst/totaal sitten 60,4% 23 59% 23

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan Tytsjerksteradiel

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente

Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851