300px|thumb|Fyslân (2019) Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op ynwenners. It oerflak beslacht 5.753 km², wêrfan 2.413 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en achttjin gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.
Geografy De Fryske fêstewâl wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch de provinsjes Grinslân en Drinte, en yn it suden troch Oerisel en de Noardeastpolder. De Ofslútdyk ferbynt West-Fryslân yn Noard-Hollân mei de Fryske fêstewâl by it plak Surch en is de skieding tusken de Iselmar en de Waadsee. De Iselmar leit westlik/súdwestlik fan de Fryske fêstewâl en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. De fjouwer Waadeilannen dy't by de provinsje hearre binne de natuerlike skieding tusken Waadsee en Noardsee.
It heechste punt fan de provinsje Fryslân is de 45 meter hege Fjoerboetsdún op Flylân. Op de fêstewâl is de Boskberch by Appelskea mei 27 meter it heechste punt.ahn.nl It djipste punt fan de provinsje is −3 meter, yn de Aeltsje- en Warkumermarpolder.
Lânskipsgebieten It gea kin ferdield wurde yn ferskate lânskipsgebieten: It Lege Midden leit sintraal yn de provinsje. Yn it súdeasten lizze de Stellingwerven. Yn it easten fan de provinsje lizze de Fryske Wâlden. Yn it noarden en it westen leit de Klaaistreek. Yn it súdwesten leit de Súdwesthoeke dêr't it Gaasterlân ek ta rekkene wurdt. Yn it noarden de fjouwer Waadeilannen (Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach).
Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen de Súdwesthoeke, binne ferneamd. Yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stodunen te sjen, lykas yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De boskgebieten lizze benammen yn it suden en easten fan de provinsje, lykas de bosken yn de omkriten fan it Oranjewâld. De grutste natoerbehearders yn de provinsje Fryslân binne: Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea.
Gemeenten
Fryslân bestiet sûnt 2019 út 18 gemeenten. Nei lânoerflak is Súdwest-Fryslân de grutste gemeente, dêrnei folget Opsterlân. Nei ynwennertal is de gemeente Ljouwert mei ynwenners fierwei it grutst. De twadgrutste gemeente nei ynwennertal is sûnt 1 jannewaris 2011 de gemeente Súdwest-Fryslân, mei in ynwennertal fan minsken.
Yn ûndersteande tabel steane alle 18 gemeenten, mei dêrefter it lânoerflak, it tal ynwenners (per ), de befolkingstichtens, it trochsneed ynkommen nei ynwenners en it haadplak. Gemeenten mei in stjerke efter de namme hawwe offisjeel in Nederlânske of tuskenbeiden namme, dy't net gelyk is oan de Fryske namme. Nr. Namme Lânoerflak(km2) Ynwenners () Befolkingstichtensinw./km² Trochsneed ynkommen€ de ynw. Haadplak 1 Achtkarspelen 102,61 274 11.400 Bûtenpost 2 It Amelân* 59,18 59 11.700 Ballum 3 Dantumadiel 85,67 225 11.100 Damwâld 4 Eaststellingwerf* 224,16 117 11.900 Easterwâlde 5 Flylân* 36,16 32 13.300 East-Flylân 6 De Fryske Marren 559,93 92 De Jouwer 7 Harns* 25,02 631 12.000 Harns 8 It Hearrenfean* 135,21 321 12.900 It Hearrenfean 9 Ljouwert* (haadstêd) 79,16 1165 12.300 Ljouwert 10 Noardeast-Fryslân 516,45 87 Dokkum 11 Opsterlân* 224,86 134 12.500 Beetstersweach 12 Skiermûntseach* 40,79 23 14.200 Skiermûntseach 13 Skylge* 87,11 54 13.400 West-Skylge 14 Smellingerlân* 118,46 467 12.200 Drachten 15 Súdwest-Fryslân 433,09 190 Snits 16 Tytsjerksteradiel 149,59 216 12.500 Burgum 17 De Waadhoeke* 316,00 146 Frjentsjer 18 Weststellingwerf 221,53 117 12.000 Wolvegea
Klimaat Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Fryslân yn in sône mei in Cfb-klimaat: In myld maritym seeklimaat (mei troch de ynfloed fan de Noardsee). De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5°C. It tal sinne-oeren yn Fryslân is 1.475 yn ’t jier. Sinnekaart Nederlân De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum, op Flylân, en op Skylge.Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jierHeechste temp. ea metten °C 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2 32,8Maks. trochsneed temp. °C 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8 12,5Min. trochsneed temp. °C -0,2 -0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1 5,5Leechste temp. ea metten °C -19,9 -16,3 -16,3 -5,9 -1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 -6,5 -14,2 -19,2 -19,9Reinfal yn mm 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0 767,2 Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
Skiednis
Tusken 400 en 200 foar Kristus setten de earste minsken har yn it gebiet nei wenjen. De minsken wennen doe op terpen. Troch de Romeinen waarden de bewenners op de terpen tusken Fly en Iems Frisii neamd. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Fryslân in heidensk gebiet dêr't de minsken noch hieltyd op terpen wennen. Om it jier 700 hinne ferdigenet kening Redbad mei sukses it heidenske Fryslân tsjin de kristlike Franken. Nei de dea fan Redbad folget stadichwei de oermastering fan Fryslân troch de Franken. Mei de Franken komme yn de achtste iuw ferskate missionarissen nei Fryslân dy't de Friezen kerstenje wolle. Ien fan de meast ferneamde missionarissen wie Bonifatius, dy't yn 'e omkriten fan Dokkum stoarn is.
Om it jier 1100 hinne begjint de tiid fan de Fryske frijheid. De Fryske frijheid wie in útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Ut dy tiid binne Fryske rjochtsteksten en oarkonden oerlevere dy't foar it grutste part skreaun wienen yn it Aldfrysk. It konsept fan de Sân seelannen en de Upstalbeam binne twa wichtige eleminten yn de Fryske frijheid. De Sân Seelannen wienen de sân Fryske lannen dy't de Fryske frijheid dielden. De Upstalbeam wie it plak dêr't ôffurdigen út de ferskate Fryske lannen benammen yn de 14e iuw gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Yn 1498 einige de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers en it gebiet kaam ûnder Saksysk gesach. De Saksen ferkochten it gebiet yn 1515 oan de Boergondjers.
Yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen waard mei it Hearlikheid Fryslân de grûnslach lein foar de lettere provinsje Fryslân. It Hearlikheid Fryslân hie fjouwer goaen: Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden en de Alve Stêden. Haadstêd en bestjoerlik sintrum waard de stêd Ljouwert. Yn de jierren 1579-1795 wie it Hearlikheid Fryslân feitlik in autonoom gebiet mei in eigen universiteit (Universiteit fan Frjentsjer) en de Admiraliteit fan Fryslân. Yn de Frânske tiid waard de hjoeddeiske provinsje Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid waard Fryslân in provinsje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mar ferlear syn autonome status dy't it wol hân hie yn de tiid fan de Republyk.
Bestjoer
De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtich, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Kening, Arno Brok.
Kolleezje fan Deputearre Steaten Sûnt 2023 bestiet it kolleezje fan Fryslân út de partijen BBB, CDA, FNP en CU (24 sitten).
Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:It kolleezje fan Deputearre Steaten, Provinsje Fryslân
Kommissaris fan de Kening: Arno Brok - VVD
Deputearre: Eke Folkerts - BBB Deputearre: Abel Kooistra - BBB Deputearre: Friso Douwstra - CDA Deputearre: Sijbe Knol - FNP Deputearre: Matthijs de Vries - CU
Provinsjesekretaris: Jelmer Algra
Foar it tiidrek 2019-2023 bestie de koälysje út de partijen CDA, PvdA, VVD en FNP (22 sitten).
Foar it tiidrek 2015-2019 bestie de koälysje út de partijen CDA, VVD, SP en FNP (23 sitten).
Utslaggen Steateferkiezings Utslaggen Steateferkiezings Jier 2003 2007 2011 2015 2019 2023 Jier Partij Stimmen(persint) Sitten Stimmen(persint) Sitten Stimmen(persint) Sitten Stimmen(persint) Sitten Stimmen(persint) Sitten Stimmen(persint) Sitten PartijBBB 27,9 14 BBBPvdA 26,2 15 25,6 12 23,7 11 15,5 7 13,4 6 10,6 5PvdACDA 27,4 16 25,8 12 17,7 12 20,8 9 16,7 8 8,8 4CDAFNP 13,2 7 10,7 5 9,2 4 9,5 4 7,9 4 8,1 4FNPVVD 10,9 6 10,8 5 13,8 6 11,0 5 9,4 4 6,7 3VVDGL 5,4 3 3,9 2 5,2 2 3,6 1 7,7 3 6,5 3GLCU 5,6 3 8,2 3 6,4 3 7,4 3 6,6 3 5,3 2CUPVV 8,4 4 8,7 4 5,8 3 4,5 2PVVFVD 13,4 6 3,7 1FVDSP 4,8 2 9,6 4 8,4 3 10,9 5 5,2 2 3,5 1SPPvdD 2,6 1 3,2 1 3,4 1PvdDD66 2,5 1 1,3 4,2 2 6,9 3 4,1 2 3,3 1D66JA21 2,7 1JA21Provinciaal Belang<br/ >Fryslân 1,2 1,8 2,0 1Provinciaal Belang<br/ >FryslânBVNL 1,8 BVNL50+ 1,4 2,4 1 2,6 1 0,9 50+Algemene Waterschapspartij 0,6 Algemene WaterschapspartijSGP 1,1 SGPNatuurlijk Fryslân 1,0 Natuurlijk FryslânDENK 0,2 DENKFriese Koers 0,4 Friese KoersLibertarische Partij 0,2 Libertarische PartijFeriene Lofts 0,1 0,1 Feriene LoftsPvhN 0,3 PvhNGemeentebelangenFryslân 1,9 1 GemeentebelangenFryslânLPF 1,7 1 LPFOpkomst/sitten56,1 55 54,1 43 59,9 43 53,0 43 59,1 43 65,643Opkomst/sitten
Demografy + Befolkingsûntjouwing provinsje Tresoar: Histoaryske befolkingsoantallen Fryslân 1714 - 2000CBS Bevolking 2010 Jier Ynwenners 1714 1748 1796 1811 1830 1840 1850 1860 1870 1880 1890 1900 1910 Jier Ynwenners 1920 1930 1940 1950 1960 1970 1980 1990 2000 2010 2020 2023 500px It tiidrek 1880-1900 lit in stadige befolkingsoanwaaks sjen. Troch de lânboukrisis fan 1880 setten mear as 20.000 Fryske lânferhuzers nei de Feriene Steaten ta.Emigraasje nei de Feriene Steaten
Op 1 jannewaris 2023 hie Fryslân in befolking fan 659.551 minsken.Statistieken provincie Friesland, AlleCijfers Mei in befolkingstichtens fan 197 ynwenners de km² is de provinsje Fryslân nei Drinte de tinst befolke provinsje fan Nederlân.
Neffens ferwachting sil de provinsje yn 2033 sa likernôch 668.000 ynwenners hawwe, dêrnei sil it ynwennertal nei alle wierskyn ôfnimme.Dashbord Prognose Bevolking en Huishoudens, Staat van Fryslân, provinsje Fryslân
Religy Minder as de helte fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân is kristlik. De sifers binne fan it CBS fan 2015:Religieuze betrokkenheid; kerkelijke gezindte; regio; 2015 - Friesland, CBS: StatLine Religy % Net religieus 58% Roomsk-Katolike Tsjerke 7% Protestantske Tsjerke yn Nederlân 14% Nederlânske Herfoarme Tsjerke 6% Grifformeard 7% Islam 1% oare denominaasje 7%
Plakken Alve stêden thumb|In loftfoto fan Westerlauwersk Fryslân út it ISS wei. Fan âlds binne der alve stêden (de Fryske Alve Stêden) yn de provinsje Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.
Grutste plakken Hjirûnder in list fan de fyftjin grutste plakken yn Fryslân. Nr. Plaknamme Tal ynwenners ()1 Ljouwert 2 Drachten 3 Snits 4 It Hearrenfean 5 Harns 6 Wolvegea 7 De Jouwer 8 Dokkum 9 Frjentsjer 10 De Lemmer 11 Boalsert 12 Burgum 13 Easterwâlde 14 Stiens 15 De Gordyk Boarne: Keamer fan Keaphannel (1 febrewaris 2021)
Beskerme steds- en doarpsgesichten
Fryslân hat tsien beskerme stedsgesichten en 46 beskerme doarpsgesichten en in beskerme gebiet.
Taal thumb|It hjoeddeiske Fryske taalgebiet