thumb|Sleat thumb|Drylts thumb|Hylpen Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. De measte dêrfan binne ûntstien, net troch't se stêdsrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de measte stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee, nammentlik Ljouwert en Dokkum..

Stedsfrysk Yn sân fan de alve stêden wurdt neist it Frysk in eigen dialekt sprutsen, nammentlik it Stedsk. Dizze sân dialekten binne: Ljouwertersk Snitsersk Frjentsjertersk Harnzersk, Boalsertersk Dokkumersk Starumersk

Alvestêdetochten As it sterk iis is, wurdt winters de ferneamde Alvestêdetocht op redens hâlden. Dêrneist wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein, de Kuier- en Fyts-alvestêdetochten binne dêr de bekendste fan.

Alve stêden De stêden fan it kertier:

NammeGemeenteYnwenners ()CBS:StatlineStêdsrjochtenLjouwertLjouwert1285 (as Nijehou; foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde 1435 (as Ljouwert)SnitsSúdwest-Fryslân1456 (offisjeel; yn de 13e iuw al inkele stêdsrjochten)DryltsSúdwest-Fryslân1268SleatDe Fryske Marren1426 (foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde)StarumSúdwest-Fryslân1118HylpenSúdwest-Fryslân1225 (nei alle gedachten)WarkumSúdwest-Fryslân1399BoalsertSúdwest-Fryslân1455HarnsHarns1234FrjentsjerDe Waadhoeke1374DokkumNoardeast-Fryslân1298

Alle stêden, mei útsûndering fan Starum hawwe de status fan beskerme stedsgesicht.

Kategory:Kertier fan Fryslân Kategory:Geografy fan Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1795