Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente mei ynwenners (, boarne: CBS). Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.
Mêd De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Noard fan Skylge leit de Noardsee; east it Borndjip; súd leit de Waadsee en west foarby in sânplaat it Fly. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge sels, mar ek It Gryn, sa'n 12,5 km súd fan West.
Plakken Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.
Offisjele plakken
De 15 offisjele plakken (doarpen) op it eilân binne: Aasterein Baaidunen Formearum Hee Hoarn Horp Kaard Kinum Landerum Lies Midslân Midslân oan See Stryp West oan See West-Skylge
Buorskippen Dellewâl Healwei Horp
Ferdwûne delsettings Allum Hierum Stattum Stoartum Skittrum Wolmearum
Skiednis Skylge is ûntstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden ,binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.
Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân).
Under de Twadde Wrâldoarloch waard it yn 1942 troch de Dútsers by Fryslân yndield, en dat is nei de oarloch sa bleaun. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wenne der ek in lytse Joadske mienskip op Skylge, dy't him dêrhinne ferspraat hie fan Harns út. Tsjin 1900 hiene de measten Joaden it eilân wer ferlitten. De famylje Pais, de lêst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Holokaust fermoarde.
Polityk Ferdieling gemeenteried De gemeenteried fan Skylge bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022 ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022% sitten%sitten PVDA 32,6 4 17,6 2 VVD 25,6 3 23,1 3 PLAATSELIJK BELANG 18,7 2 27,0 3 CDA 12,9 1 13,0 1 SAMEN 10,2 1 19,3 2opkomst/totaal sitten 67,2% 11 64,7% 11
Taal Skylge hat twa Fryske dialekten: it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk. thumb|center|800px|<center>West-Skylge
Sjoch ek Brandaris Fryske doarpen Fryske gemeenten Oerol Festival List fan boargemasters fan Skylge Waadeilannen
Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Gedichten yn it Meslânzersk fan Jo Smit op Tresoar
Kategory:Westfrysk eilân (Fryslân) Kategory:Eilân yn de Noardsee Kategory:Eilân yn Fryslân Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1813