right|thumb|200px|De rin fan de Ryn, kleurd nei de nammen
De Ryn is in Jeropeeske rivier fan 1.230 km. De rivier begjint yn Switserlân, wurdt dan de grins mei Lychtenstein, dan de grins mei it Eastenryk en dêrnei de grins mei Dútslân. De Ryn giet fierder as de grins tusken Dútslân en Frankryk en dan troch Dútslân fierder oant er yn Nederlân komt. Dêr split de Ryn him yn de Waal, de Isel en de Lek. De Waal en de Lek rinne fierder nei it westen en komme úteinlik út yn de Noardsee; de Isel giet nei it noarden en komt út yn de Iselmar.
Sydrivieren De Ryn hat in streamgebiet fan 185.000 km². Njonken de Ryn sels lizze yn dit gebiet in tal sydrivieren fan de Ryn, mei oaren de Are, de Nekker, de Main, de Mûzel, de Laan, de Siich, de Roer en de Lippe,
Betsjutting De Ryn en de Donau foarmen it grutste part fan de ynlânske noardgrins fan it Romeinske Ryk. Sûnt dy tiid hat de Ryn altyd wichtich west foar it ferfier fan guod en minsken nei en fan de binnenlannen fan Jeropa. De Ryn hat ek altyd definsive betsjutting hân en de basis west foar regionale en ynternasjonale grinzen. De protte kastielen en prehistoaryske fortifikaasjes oan de rivier tsjûgje fan it grutte belang fan de rivier as wetterwei. Op dy plakken koe it rivierferkear tsjinhâlden wurde, meastal foar it heffen fan tol troch de steat dy't in beskaat stik fan de rivier behearske.
Keppelings om utens Ryn folle âlder as tocht Faqt, 18 maaie 2012 Aktuele ynformaasje - Rykswettersteat Nederland leeft met water
Kategory:Rivier yn Dútslân Kategory:Rivier yn Frankryk Kategory:Rivier yn Nederlân Kategory:Rivier yn Eastenryk Kategory:Rivier yn Lychtenstein Kategory:Rivier yn Switserlân Kategory:Rivier yn Baden-Wuertemberch Kategory:Rivier yn Hessen Kategory:Rivier yn Noardryn-Westfalen Kategory:Rivier yn Rynlân-Palts Kategory:Geografy fan it Grutte Easten Kategory:Wetter yn Gelderlân Kategory:Wetter yn Súd-Hollân Kategory:Wetter yn Utert