thumb|180px|Wim Duisenberg thumb|right|180px|Buste Wim Duisenberg yn It Hearrenfean. Wim Duisenberg (It Hearrenfean, 9 july 1935 - Faucon (Frankryk), 31 july 2005) folút Willem Frederik Duisenberg, ekonoom en bankier, is berne op It Hearrenfean op 9 july 1935. Wim Duisenberg wie de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank en ien fan de driuwende krêften efter de ynfiering fan de Euro.
Hy brocht syn jonge jierren troch yn Akkrum dêr't syn âlders in bakkerij hienen. Hy folge de H.B.S. op it Hearrenfean en gie op syn 19e nei Ryksuniversiteit Grins dêr't er ekonomy studearre.
Duisenberg wie fan 1970 oant 1973 professor yn de makro-ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam, en fan 1973 oant 1977 minister fan finânsjes yn it Kabinet-Den Uyl. Yn 1977-1978 siet hy út namme fan de PvdA yn de Twadde Keamer, mar naam dêr ôfskied om bestjoersfoarsitter te wurden fan Rabobank Nederlân.
Fan 1982 oant 1997 wie Duisenberg presidint fan de Nederlânske Bank, dêrnei waard hy aktyf yn de EMU. Yn 1998 waard hy de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank, mei de Frânsman Christian Noyer as fise-presidint. Hy soe dy funksje yn earste ynstânsje op 9 july 2003 op syn 68e jierdei dellizze. Syn opfolger, Jean-Claude Trichet, wie yn Frankryk yn opspraak rekke, en earst neidat in ûndersyk nei syn hanneljen by de teloargong fan de bank Credit Lyonnais troch de Frânske jústysje ôfrûne wie, koe Duisenberg op 1 novimber 2003 syn funksje oerjaan.
Op 26 maart 2007 waard yn it sintrum fan It Hearrenfean in brûnzen byld fan Duisenberg pleatst.
Biografy , Wim Duisenberg. Van Friese volksjongen tot mr. Euro (2003) ISBN 90-254-1330-7
Kategory:Frysk ekonoom Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk bankier Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk ateïst Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk bankier Kategory:Presidint fan de Nederlânske Bank Kategory:Presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Finânsjes Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk ateïst Kategory:Persoan dy't omkommen is troch ferdrinking Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Akkrum Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1935 Kategory:Persoan stoarn yn 2005