Lemsterlân (Nederlânsk en offisjeel: Lemsterland) is in eardere gemeente oan de súdkust fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 in befolking fan 13.544 minsken.Boarne: CBS) Fierders besloech Lemsterlân in oerflak fan 124,37 km², wêrfan 47,7 km² wetter, en hie it in kustline fan 29,84 km lang.
Skiednis
Lemsterlân is yn 'e 14e iuw ûntstean as de Lemster Fiifgea. De gritenij Lemsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre de gemeente mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat ta de nije gemeente De Fryske Marren.
Geografy It haadplak fan de gemeente wie De Lemmer, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Bantegea, Dolsterhuzen, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Follegea, Ychten, Ychtenbrêge en Jistergea. It Ir.D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer heart ta it wrâlderfgoed.
Taal Yn Lemsterlân hat it meastepart fan de ynwenners Frysk as memmetaal, 51%. It Nederlânsk wurdt troch 39% as memmetaal brûkt. Stêdsk is foar 6%, Stellingwerfsk foar 2% en útlânske talen foar 2% de memmetaal.De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 258. Oant de 1970-er jierren rûn de taalgrins troch de gemeente. Yn de eastlike helte fan de gemeente waard njonken it Frysk ek Stellinwerfsk sprutsen. Neitiids is dat gebiet ferfryske en wurdt it Stellingwerfsk amper mear sprutsen. It Stellingwerfsk is net lânseigen foar it gebiet dat Lemsterlân omfiemet. De taal is nei alle gedachten yn it gebiet bedarre troch de kolonisaasje fan it gebiet troch feanstekkers fan Giteren om 1800 hinne.www.plaatssengids.nl/lemsterland
Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Lemsterlân List fan boargemasters fan Lemsterlân
Keppelings om utens Webstee fan de gemeente
Kategory:Sânwâlden Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2014 Kategory:De Fryske Marren