thumb|Guust (Gaston) yn it metrostasjon Janson yn Charleroi Guust Flater is in Belgyske tekenteltsjerige, tekene fan 1957 ôf, troch Franquin. De oarspronklike ferzje fan de teltsjes binne yn it Frânsk en hannelje oer Gaston Lagaffe. De Flaamske ferzje hat it oer Guus, mar de Hollânske ferzje neamd him Guust Flater ("la gaffe" betsjut "de blunder"). Der liket gjin Fryske ferzje fan de rige te wêzen.
Ynhâld De searje is opboud út teltsjes fan in grap op in heale side; by lettere lettere teltsjes gâns in side. Tekenteltsjefigueren hienen faak in berop, lykas sjoernalist of speurder. Eins is Guust optocht as immen dy't krekt net in berop hie. Yn it deistige libben yn de searje wurket er op it buro fan it blêd Robbedoes. Dat "wurkje" moat men net al te krekt nimme: neffens syn funksje soe er de post rûnbringe moatte en it argyf op oarder hâlde. Wat er wier docht, as er net sliept, is de nuverste útfinings betinke en besykje dy wier ek te bouwen.
Guus is aardich tsjin hast eltsenien, dat al hawwe in protte fan syn kollegas it lân oan syn neatdwaan, dochs kinne de measten harren der dochs net ta setten om him yn 'e problemen te bringjen.
Neilittenskip Franquin is 5 jannewaris 1997 ferstoarn, dat dêrmei kaam der in ein oan de rige. Lykwols hie er de rjochten ferkoft oan Dupuis. Dy hat yn 2022 Delaf in nij album tekenje litten. Dêrta hat Delaf in stúdze makke oer it al it wurk dat der is mei Flater, ear't er begûn mei nije grappen. It album fan Delaf is sa krekt dien, dan guon de idee hawwe dat de tekenings âld wurk fan Franquin binne. Guust Flater, de meest luie stripheld ter wereld, keert na 25 jaar terug met een volledig nieuw album VRT, 17 mrt. 2022
Wurdearring De searje oer Gaston Lagaffe waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Flater, Guust Kategory:Stripsearje út 1957 Kategory:Frânsktalige stripsearje Flater, Guust Flater, Guust