Rondje Friesland (Rûntsje Fryslân), is in kwisspul fan Frenay & Vogel, útjân troch Friese Pers Boekerij, út 1994. It spul hat 96 kaarten mei op de iene kant fiif fragen en op de oare kant ien fan seis parten fan in kaart fan 'e provinsje. Mei in dobbelstien wurdt bepaald hokfoar fraag der stelt wurdt. De kategorys binne: taal en skiednis; keunst; kultuer en maatskippij; ekonomy en warberens; natuer, lânskip en omkriten; en as lêste toerisme, rekreaasje en sport. At immen in krekt andert jout, krijt dy dat part fan de kaart. Winner is de earste dy't alle seis parten fan de kaart byelkoar garret.

In jier letter, yn 1995, is der noch in "Opnieuw Rondje Friesland" (Nochris Rûntsje Fryslân) útkaam.

Kategory:Kwisspul Kategory:Yntroduksje út 1994