Les aventures de Blake et Mortimer (Frânsk: "De aventoeren fan Blake en Mortimer") is in tekenteltsje-rige út Belgje, makke troch Edgar Pierre Jacobs. By harren aventoeren moatte Sir Francis Blake, in offisier fan 'e Britske geheime tsjinsten en Philip Mortimer, in wittenskipper, in ekspert yn kearnfysika, faak fjochtsje tsjin de beruchte Kolonel Olrik. De ferhalen binne yn ferskate talen oerset. Lykwols liket der nea in ferhaal fan yn it Frysk útkaam te wêzen.

Oarspronklike rige It earste aventoer fan 'e twa Britske helden, Le secret de l'espadon, waard lansearre yn it earste nûmer fan it tydskrift Tintin yn 1946. Dêrnei kamen Le mystère de la grande pyramide, La marque jaune, L'énigme de l'Atlantide, S.O.S. Météores, Le piège diabolique, L'affaire du collier en Les 3 formules du professeur Sato (diel ien). Spitigernôch stoar E.P. Jacobs foar de foltôging fan it twadde diel fan dit aventoer, en it twadde diel waard ôfmakke troch Bob de Moor.

Lettere rigen In pear jier letter waard de searje opnij lansearre, mei twa teams: Jean Hamme en Ted Benoit (L'affaire Francis Blake, L'étrange rendez-vous), en Yves Sente en André Juillard (La machination Voronov, Les sarcophages du 6ème continent).

Wurdearing De miks tusken wittenskip en fantasy, en Jacobs syn presys tekenjen binne de wichtichste redenen foar it súkses fan dizze searje. Yn 1999 waard de searje opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Eksterne keppelings De offisjele webside fan Blake en Mortimer (Frânsk).

Kategory:Tekenteltsje Kategory:Frânsktalige stripsearje Kategory:Stripsearje út 1946 Kategory:Stripfiguer