Jules Bourcier (Cuisery, 20 febrewaris 1797 - Parys, 9 maart 1873) wie in Frânske ornitolooch spesjalisearre yn kolibrys. Hy beskreau 45 nije kolibrysoarten, bygelyks de Loddigesia mirabilis. Dêrneist beskreau her mei Adolphe Delattre as mei-auteur 11 soarten en yn ‘e mande mei Étienne Mulsant 17 soarten
Hy wie boargemaster fan Millery, Rhône fan 1832 oant 1837, en ek ambassadeur fan Frankryk yn Ekwador fan 1849 oant 1850. Yn 1857 waard er korrespondearjend lid fan de Societe linnéenne de Lyon.
In Súd-Amerikaanske slangesoarte, Saphenophis boursieri, waard yn 1867 nei him ferneamd troch Giorgio Jan.Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 pp. . ("Bourcier", s. 35). It weakdieregeslacht Bourciera waard nei him ferneamd, basearre op eksimplaren dy't er sammele foar Louis Pfeiffer.
Publikaasjes Descriptions de nouvelles espèces d'oiseaux-mouches, 1839 (mei Étienne Mulsant & Jules Verreaux). Collection typique d'oiseaux mouches (Trochilidés), postúm 1874. Google Books (publikaasjes).
Kategory:Frânsk ornitolooch Kategory:Frânsk ambassadeur Kategory:Boergondysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1797 Kategory:Persoan stoarn yn 1873