De griene triedkolibry (Discosura conversii) is in fûgel út 'e famylje kolibrys (Trochilidae). It is in lytse kolibry dy't foaral opfalt troch de lange, smelle sturt fan it mantsje.
Namme De wittenskiplike soartenamme conversii is in ferneaming nei de Frânske natuerûndersiker Convers, dy't yn 'e 19e iuw de earste eksimplaren yn Kolombia ûntduts.Annales des sciences physiques et naturelles, d'agriculture et d'industrie, side 314 It skaai Discosura ferwiist nei de bysûndere sturtfoarmen dy't yn it skaai foarkomme.
Ferskining thumb|left|wyfke De griene triedkolibry is in lytse soarte. It mantsje wurdt ynklusyf de sturt likernôch 10 sintimeter lang en it wyfke likernôch 7 sintimeter.. It mantsje is hast hielendal glânzgjend grien. Hy hat in koarte, rjochte swarte snaffel. De sturt is djip foarke en de bûtenste fearren binne tige lang en triedeftich. In wichtich skaaimerk is de smelle wite bân oer de stút.
It wyfke hat in koarte, donkere sturt mei wite punten. Hja is boppe grien, mar hat in opfallende brede wite snorstreek en in swarte kiel mei wite spikkels. Ek it wyfke hat de wite bân oer de stút.
Fersprieding en systematyk De griene triedkolibry komt foar yn 'e fochtige tropyske bosken fan Midden- en Súd-Amearika. It ferspriedingsgebiet rint fan Kosta Rika en Panama oant de Pasifyske kustregio fan Kolombia en Ekwador. De soarte libbet benammen yn 'e hegere dielen fan it reinwâld en oan 'e rânen fan it bosk, op hichten tusken de 700 en 1.400 meter boppe de seespegel.
Ekology Dizze kolibry yt nektar fan ferskate bloeiende beammen en strûken, lykas dy út de skaaien Inga en Calliandra. Se wurde faak sjoen wylst se stilhingje foar de blommen yn 'e boppeste lagen fan it bosk. Dêrnjonken fangt de soarte lytse ynsekten yn 'e loft. Troch harren lytse formaat en rappe manier fan fleanen kinne se somtiden foar grutte ynsekten oansjoen wurde.
Status en bedrigingen Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de griene triedkolibry de status net bedrige (Least Concern). Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte tebekrinne troch it ûntboskjen yn syn ferspriedingsgebiet.
Kategory:Triedkolibry Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Panama