Teapertrallen of sompehinnen (Zapornia) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae). Oarspronklik (yn 1816) waard de skaainamme Zapornia tawiisd oan it lyts reidhintsje (Zapornia parva). Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard dizze soarte oerdroegen oan it skaai fan 'e porseleinhinnen (Porzana) en waard de namme Zapornia opjûn. Mei de werklassifikaasje fan 'e ralfûgels om 'e wikseling fan 'e 20e/21e iuw waard de skaainamme Zapornia opnij yntrodusearre, foar in grut oantal Porzana-soarten.
De Zapornia-sompehintsjes binnen fûgeltsjes fan it eastlik healrûn. Yn Jeropa komme allinnich it lyts reidhintsje en it dwerchreidhintsje foar, mei ek in pear briedpearen yn Nederlân jierliks. Guon fan 'e sompehin-soarten binne sûnt útstoarn: nei har kolonisaasje fan eilannen yn 'e Stille Oseaan ferlearen se har fermogen om te fleanen fanwegen in gebrek oan rôfdieren. Dit die bliken fataal foar har te wêzen by de komst fan Westerse minsken tegearre mei de fauna dy't se mei har brochten.
Soarten It skaai telt tsien libbene en fiif ústoarne soarten: readbrún sompehintsje (Zapornia fusca), SE-Aazje Mandarynsompehintsje (Zapornia paykullii), Sina brún reidhintsje (Zapornia akool), SE-Aazje swart sompehintsje (Zapornia flavirostra), Afrika lyts reidhintsje (Zapornia parva), Jeraazje dwerchreidhintsje (Zapornia pusilla), Jeraazje, Afrika, Austraalje Sint-Helenasompehintsje (Zapornia astrictocarpus) † Laysansompehintsje (Zapornia palmeri) † Sakalavasompehintsje (Zapornia olivieri), Madagaskar swartsturtsompehintsje (Zapornia bicolor), Aazje Hawaiisompehintsje (Zapornia sandwichensis) † Tahitisompehintsje (Zapornia nigra) † Hendersonsompehintsje (Zapornia atra) roetbrún sompehintsje (Zapornia tabuensis), Austraalje Kosraesompehintsje (Zapornia monasa) †
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Ralfûgel