Porsleinhinnen (Porzana) is in fûgelskaai út de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae). It skaai wurdt yn 3 soarten ûnderferdield. Earder bestie it skaai út folle mear soarten, mar in grut part dêrfan waard om 2015 hinne yn oare skaaien pleatst, ynklusyf it skaai Zapornia.
Soarten It skaai telt trije libbene soarten: Sorahintsje (Porzana carolina), Noard- en Midden-Amearika, bûnt reidhintsje of porsleinhin (Porzana porzana), Jeraazje en Afrika, Australyske porsleinhin (Porzana fluminea), Austraalje.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Ralfûgel