De Sainte-Laguë-metoade, ek wol bekend as de standertôfrûning of Webster-metoade, is in grutste-gemiddeldenmetoade foar it berekkenjen fan de sitferdieling by parlemintsferkiezings. It wurdt tapast yn lannen mei evenredige fertsjintwurdiging. Yn ferliking mei oare ferdielingsmetoaden lykas de D'Hondt-metoade liedt dizze metoade ta in tige evenredige sit-stimferhâlding foar partijen fan ferskillende grutte, ferlykber mei de grutste-oerskottenmetoade.
De metoade waard yn 1910 foarsteld troch de Frânske wiskundige André Sainte-Laguë, dy't net wist dat deselde metoade al yn 1832 beskreaun wie troch de Amerikaanske steatsman en senator Daniel Webster. De metoade wurdt brûkt yn ferskate lannen lykas Noarwegen, Sweden, Nij-Seelân en Dútslân. Yn Dútsktalige gebieten wurdt de metoade divisorverfahren mit standardrundung neamd.
Tapassing De ferkiezingsútslach neffens de Sainte-Laguë-metoade kin berekenne wurde troch de ûndersteande stappen te folgjen. De definitive kiesdieler kin it snelst bepaald wurde wannear't allinnich de effektive stimmen meinaam wurde. Dit binne de stimmen op partijen dy’t de kiesdrompel helle hawwe.
Berekkenje de kiesdieler troch it totale oantal effektive stimmen op te tellen en te dielen troch it oantal te ferdielen sitten. Berekkenje it evenredige oanpart fan eltse entiteit troch har stimtal te dielen troch de kiesdieler. Bepaal hoefolle hiele sitten der oant no ta yn totaal tawezen binne, troch normaal ôf te rûnjen. Bin alle sitten op júste wize ferdield? Dan bist hjir al klear. Folgje oars de lêste stap. Feroarje de fikitive parlemintsgrutte troch de kiesdieler oan te passen oan de lêste sit. Hâld hjirby rekken mei de ôfrûnrigels. Hat in partij bygelyks 10 sitten helle? Diel it oantal stimmen op dy partij dan troch 9,5.
Restsitten Hoewol’t de Sainte-Laguë-metoade ek beskreaun wurde kin as in trochgeande tawizing fan sitten oan partijen, makket dizze metoade yn de praktyk wol deeglik gebrûk fan restsitten. Dat komt trochdat de útkomsten fan de berekkening ôfrûne wurde nei it tichtstbye hiele getal. Partijen mei teminsten in heale sit boppe in folsleine sit krije dêrby automatysk in restsit takend.
Praktykfoarbyld Dit rekkenfoarbyld is ôflaat fan 'e risseltaten fan 'e dielsteateferkiezings fan 2024 yn Saksen. 2.142.517 stimmen waarden útbrocht op 6 partijen om 119 sitten te ferdielen. De krekte kiesdieler komt út op 18.004,34 stimmen de sit. De Sainte-Laguë-metoade waard ek brûkt by de eigentlike ferkiezing.
It oantal stimmen foar elke partij wurdt dield troch de kiesdieler en it risseltaat wurdt normaal ôfrûne. Yn dit foarbyld komt it totale oantal sitten op 120, ien mear as de fereaske 119. Om dit oerskot te korrizjearjen, wurdt de kiesdieler ferhege wêrtroch it parlemint fiktyf wat lytser makke wurdt. De lêste sit giet nei de SPD wêrtroch de kiesdieler úteinlik fêststeld wurde kin troch 172.002 te dielen troch 9,5. Mei in revisearre kiesdieler fan 18.105,47 wurde úteinlik krekt 119 sitten korrekt ferdield. It komt er op del dat der in fiktive parlemintsgrutte fan 118,34 nedich is om mei dizze metoade 119 hiele sitten ta te wizen. Dit resultearret yn dat de CDU 41 sitten krijt, om't se no mei 41,38 ûnder de 14,50 útkomme. +Dielsteateferkiezings fan 2024 yn SaksenSitten 119 Saint-Laguë-metoade PartijStimmen E.O.SittenS.L.Sitten CDU 749.216 41,61 42 41,38 41 AfD 719.274 39,95 40 39,73 40 BSW 277.173 15,39 15 15,31 15 SPD 172.002 9,55 10 9,50 10 Grüne 119.964 6,66 7 6,63 7 Links 104.888 5,83 6 5,79 6 Totaal 2.142.517 119120 118,34119 Kiesdieler 18.004,3418.105,47
Effekt By de tawizing fan sitten yn in systeem fan evenredige fertsjintwurdiging is it wichtich om te foarkommen dat sawol grutte as lytse partijen befoardield wurde om strategysk stimmen tsjin te gean. André Sainte-Laguë hat teoretysk oantoand dat syn metoade de leechste gemiddelde ôfwiking yn 'e ferdieling sjen lit. Dit is befêstige troch ferskate teoretyske en empiryske metoaden.
De Jeropeeske Parlemintsfertsjintwurdigingswet fan 2003 bepaalt dat de ferhâlding fan kiezers ta sitten foar eltse regio sa gelyk mooglik wêze moat. De Kommisje fûn dat de Sainte-Laguë-metoade de lytste standertôfwiking oplevere yn ferliking mei de D'Hondt-metoade en de grutste-oerskottenmetoade.
Sjoch ek
D'Hondt-metoade Grutste-gemiddeldemetoade Grutste-oerskottenmetoade Sitferdieling
Referinsjes
Kategory:Kiesstelsel