Fureur et mystère (Frânsk foar "Fury en mystearje") is in dichtbondel fan de Frânske skriuwer René Char út 1948, útjûn troch Gallimard yn Parys. It is in kolleksje fan wurk wat útkaam fan 1938 oantemei 1947. Char syn eftergrûn as man fan it lân spilet dúdlik it rol yn syn gedichten, mar it desennium is ek de tiid fan de Twadde Wrâldkriich.
De kolleksje gedichten bestiet efterinoar út Seuls demeurent, Feuillets d'Hypnos, Les Loyaux Adversaires, Le Poème pulvérisé en La Fontaine narrative.
Untfangst De bondel waard wurdeare as tige kompakt skreaun wurk, fan lêstich te begripen, mar al gripende poezy. Fureur et mystère waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan René Char Kategory:Frânsktalige dichtbondel Kategory:Dichtbondel út 1948