Francesco Veenstra (Ljouwert, 1973) is in Nederlânske arsjitekt. Sûnt 2017 is er partner by Vakwerk Architecten. Sûnt 1 july 2019 is er foarsitter fan de Branchevereniging Nederlandse Architectenbureaus (BNA). Op 1 septimber 2021 is er Ryksboumaster en foarsitter fan it College van Rijksadviseurs wurden.

Wurkpaad Veenstra is oplaat oan de Rotterdamske Academie van Bouwkunst (no Hegeskoalle Rotterdam). Hy wurke twaentweintich jier by Mecanoo, dêr't er fan 2007 oant 2017 mei-eigener wie. Yn 2017 wie er ien fan de oprjochters fan Vakwerk Architecten yn Delft dêr't er fan doe ôf oan partner fan is. Fierder is er sûnt 1 july 2019 foarsitter fan de Branchevereniging Nederlandse Architectenbureaus (BNA). Op 6 novimber 2020 hat de ministerried ynstimd mei de foardracht fan Veenstra ta beneaming by Keninklik Beslút as Ryksboumaster en foarsitter fan it Kolleezje fan Ryksadviseurs per 1 septimber 2021. Vakwerkers, Vakwerk Architecten, rieplachte 13 novimber 2020. Argivearre op 24 oktober 2020.Francesco Veenstra neemt BNA-voorzittershamer over, Nieuwsbericht BNA, 20 juny 2019BNA-voorzitter Francesco Veenstra per 1 september 2021 Rijksbouwmeester, Nieuwsbericht BNA, 5 novimber 2020. Argivearre op 6 novimber 2020.Benoeming nieuwe leden College van Rijksadviseurs, Nieuwsbericht Rijksoverheid, 6 novimber 2020. Argivearre op 2 april 2023.

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Ryksboumaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1973