De breedsturtkolibry (Selasphorus platycercus) is in fûgel út 'e famylje kolibrys (Trochilidae). De fûgel stiet foaral bekend om it opfallende lûd dat de mantsjes mei harren wjukken meitsje as se fleane.
Ferskining thumb|left|Mantsje en wyfke. De breedsturtkolibry is in middelgrutte kolibry fan sa'n 10 sintimeter lang. It mantsje en it wyfke hawwe in glânzgjend griene rêch en in wyt boarst. It mantsje hat in opfallende, irrisearjende rôzerode kiel en in brede ôfrûne swarte sturt. De bûtenste wjukfearren fan it mantsje hawwe in spesjale foarm, wêrtroch't se by it fleanen in heech, fluitsjend lûd produsearje. It wyfke mist de reade kiel en hat ynstee dêrfan in spikkelige kiel en kanielkleurige flanken.
Fersprieding en systematyk De breedsturtkolibry briedt yn de berchgebieten fan 'e westlike Feriene Steaten (lykas de Rocky Mountains) oant yn it suden fan Meksiko en Gûatemala. It binne trekfûgels; de populaasjes út it noarden oerwinterje yn it sintrale part fan Meksiko. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, al wurde guon populaasjes yn it suden as aparte ûndersoarten sjoen mei't hja net migrearje.
Ekology De fûgel libbet yn iepen bosken, benammen mei dinne- en ikebeammen en op subalpine greiden oant op hichten fan wol 3.200 meter. Se fiede harren mei nektar fan ferskate blommen en fange ek lytse ynsekten yn 'e loft. Om de kâlde nachten yn 'e bergen te oerlibjen, kinne dizze kolibrys harren stofwikseling en lichemstemperatuer drastysk ferleegje, in tastân dy't torpor neamd wurdt.
Status en bedrigingen Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de breedsturtkolibry de status net bedrige (Least Concern). Ut ûndersyk fan Partners in Flight (2022) docht bliken dat de soarte sûnt 1970 ôfnaam mei in trochsneed fan 1,65% yn 't jier. Yn 'e perioade fan 2009 oant 2019 is de populaasje sels mei 14% ôfnommen. Dy trend wurdt mooglik fersterke troch klimaatferoaring, om't de bloeiperioade fan harren fiedselboarnen yn 'e bergen oan it ferskowen is, itjinge in fersteuring feroarsaket yn 'e trek- en briedtiid.
Namme De wittenskiplike namme Selasphorus platycercus komt út it Gryksk en ferwiist nei it uterlik fan 'e fûgel. Selasphorus is in kombinaasje fan selas (glâns/ljocht) en phoros (dragend) en betsjut dus ljocht- of glânsdragend, itjingen op 'e irrisearjende fearren fan 'e kolibry slacht. Platycercus komt fan platys (breed/plat) en kerkos (sturt), itjinge breedsturt betsjut.
Kategory:Ljochtdrager Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala