Tachtich is in kaartspul besibbe oan klaverjassen. De punten binne itselde, mar de tsien is leech, krekt al is dy al fet. It is in slachspul,dê'rt troeven net ferplichte by is. By yntroeven mei derlykwols netûndertroefd wurde as it net nedich is.
Pot Oars as by klaverjassen, hat tachtich in biedrûnte, dêr't de hichte fan de pot yn fêststeld wurdt. Eltse spiler op himsels jout oan hoefolle punten helle wurde sille. Dêrby begjint it bieden by 80, mei elts heger bod 10 punten mear. De winner fan it bieden neamt de troef, en mei in kaart freegje dy't foar dy pot in pear foarmet mei de winner. Hy is et ferplichte soks te dwaan, en as er it al docht feroarje de spilers net fan plak, dat oars as by kaartspullen mei fêste pearkes, sitte de pearkes by Tachtich ornaris njonken elkoar.
Rom Tachtigen wurket mei rom yn de hân en op 'e tafel. Fjouwer Boeren binne twahûnderd punten wurdich, fjouwer Azen, Hearen, as Frouwen, binne hûnderd, in stik is tritich punten, en in trije kaart ek; in flouwerkaart is fiftich punten. In fiifkaart, wat allinnich yn de hân barre kin, is wer hûndert punten. Lykwols, de grins fan it wiet-gean by rom wurdt ferhege mei de helte fan de rom: As der spile wurdt om 80 punten, en it stik komt op tafel, dan is dat 30 rom, dat no moat der mear as 80 + 30/2 = 95 punten helle wurde (dêr't de 30 rom oan bydraacht).
Kategory:Kaartspul