Swurdkolibrys (Ensifera) foarmje in skaai út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). It is in monotypysk skaai, wat betsjut dat it út mar ien soarte bestiet: de swurdkolibry (Ensifera ensifera).

De fûgel stiet bekend om syn ekstreem lange snaffel, dy't neffens ferhâlding ta it bealchje fan 'e fûgel de langste snaffel fan alle fûgelsoarten op 'e wrâld is. De swurdkolibry komt foar yn 'e Andes fan Súd-Amearika, fan Fenezuëla oant Bolivia, dêr't er libbet yn berchbosken op hichten tusken de 1.700 en 3.300 meter.

Taksonomy It skaai Ensifera bliuwt yn 'e hjoeddeiske taksonomy beheind ta ien inkelde soarte. De soarte wurdt net bedrige mar fanwegen habitatferlies wurdt oannommen dat de populaasje yn oantal tebekrint.

Soarten fan it skaai swurdkolibrys (Ensifera) Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px swurdkolibry Ensifera ensifera Andes-berchtme (Fenezuëla oant Bolivia). net bedrige25pxEnsifera ensifera op BirdLife

Kategory:Kolibry Kategory:Fûgelskaai