thumb|Huize Het Gras, Greonterp, wenning an Reve, Teigetje en Woelrat Huize Het Gras is de namme fan in earder lânarbeidershúske yn it Fryske doarp Greonterp. It komt geregeld foar yn de wurken fan Gerard Reve.

Reve wenne der tegearre mei Willem Bruno van Albada fan 1964 ôf. Yn 1969 kaam Henk van Manen by harren yn. Yn 1971 ferliet it trio Huize het Gras en gong nei Veenendaal. Dêrnei ferhuze Reve nei Weert, en yn 1974 gie er nei Frankryk.

Benammen yn de brieveboeken út de jierren 60 fan de 20e iuw wurdt Huize Het Gras faak neamd. Underwilens is it húske útgroeid ta in soarte fan beafeartsoard foar Revianen.

Kategory:Hûs yn Súdwest-Fryslân Kategory:Greonterp