De Armeenske kalinder begjint yn jier 552 n.Kr. De jiertallen wurde mei ien oant fjouwer letters út it Armeenske alfabet wei skreaun, en begjint mei "՟ԹՎ" foar թվին (t‘vin = jier). Omdat de Armeenske kalinder allyk oprint mei de westerske Gregoariaanske kalinder kinst in ienfâldige rekkensom meitsje.
Wannear't skreaun is: ԹՎ ՈՀԳ moatst mei help fan de ûndersteande tabel de neikommende rekkensom meitsje. ԹՎ betsjut dat wy fan in jiertal prate Ո stiet foar 600 Հ stiet foar 70 Գ stiet foar 3
Dan krijst dizze rekkensom 600+70+3+551= it jier 1224.
+ Armeneenske sifers Armeensk Transliteraasje Arabysk Ա A 1 Բ B 2 Գ G 3 Դ D 4 Ե E 5 Զ Z 6 Է E̅ 7 Ը Ě 8 Թ T‘ 9 Ժ Ž 10 Ի I 20 Լ L 30 Խ X 40 Ծ C 50 Կ K 60 Հ H 70 Ձ J 80 Ղ Ł 90 Ճ Č 100 Մ M 200 Յ Y 300 Ն N 400 Շ Š 500 Ո O 600 Չ Č‘ 700 Պ P 800 Ջ J̌ 900 Ռ Ṙ 1000 Ս S 2000 Վ V 3000 Տ T 4000 Ր R 5000 Ց C‘ 6000 Ւ W 7000 Փ P‘ 8000 Ք K‘ 9000
Kategory:Kalinder