Yn it periodyk systeem fan de eleminten binne de gemyske en fysike eigenskippen fan de eleminten yn kaart brocht. Yn dizze tabel, ek de Tabel fan Mendelejev neamd, dy't in lange skiednis hân hat, stean alle bekende eleminten op folchoarder fan atoomnûmer sadanich yndield dat eleminten út 'e selde perioade nêst inoar stean en eleminten út deselde groep boppe inoar. De periodike tabel is in foarbyld fan in klassifikaasjesysteem: eleminten yn deselde kolom of deselde periodike tabelgroep - dus hjirûnder deselde kleur - hawwe lyksoartige gemyske eigenskippen.

+ Periodyk systeem fan de eleminten 1 181 1H 2 13 14 15 16 17 2He2 3Li 4Be 5B 6C 7N 8O 9F 10Ne3 11Na 12Mg 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13Al 14Si 15P 16S 17Cl 18Ar4 19K 20Ca 21Sc 22Ti 23V 24Cr 25Mn 26Fe 27Co 28Ni 29Cu 30Zn 31Ga 32Ge 33As 34Se 35Br 36Kr5 37Rb 38Sr 39Y 40Zr 41Nb 42Mo (43)Tc 44Ru 45Rh 46Pd 47Ag 48Cd 49In 50Sn 51Sb 52Te 53I 54Xe6 55Cs 56Ba 57-71Lan 72Hf 73Ta 74W 75Re 76Os 77Ir 78Pt 79Au 80Hg 81Tl 82Pb 83Bi 84Po 85At 86Rn7 87Fr 88Ra 89-103Act (104)Rf (105)Db (106)Sg (107)Bh (108)Hs (109)Mt (110)Ds (111)Rg (112)Uub (113)Uut (114)Uuq (115)Uup (116)Uuh (117)Uus (118)Uuo Lantaniden 57La 58Ce 59Pr 60Nd (61)Pm 62Sm 63Eu 64Gd 65Tb 66Dy 67Ho 68Er 69Tm 70Yb 71Lu Aktiniden 89Ac 90Th 91Pa 92U (93)Np (94)Pu (95)Am (96)Cm (97)Bk (98)Cf (99)Es (100)Fm (101)Md (102)No (103)Lr

Skiednis Oarspronklik wie it systeem betocht sûnder kennis fan 'e inerlike opbou fan it atoom. De eleminten binne oardere neffens har atoommassa. De Dútser Johann Wolfgang Döberreiner wie de earste, dy 't opmurken hat, dat der dan in weachfoarm yn de eigenskippen kaam. Hy ûnderskate ‘trijetallen’ fan oerienkommende eleminten. De Ingelskman John Alexander Reina Newlands ûntdiek, dat der in regelmjittigens fan elke 8 eleminten bestie, mar se laken him út doe't er sei, dat men dat miskien ferlykje kin mei de oktaven yn de muzyk. Op it lêst hawwe de Dútser Lothar Meyer en de Rus Dmitri Mendelejev yn 1879 de earste periodike tabel publisearre. Dêrby hawwe se foar Tellurium en Joadium de massa-folchoarder omdraaid. Dêrtroch is de oerienkomst yn de eigenskippen ferbettere. Nei it opkommen fan de Weachmeganika is dúdlik wurden, hoe 't dat kaam. It is net tafallich, dat de perioaden fan dizze tabel oerienkomme mei it tal fan de elektroanen yn de skilen fan atomen.

Sjoch ek Skiekundige eleminten Healgelieders

Kategory:Natuerkunde Kategory:Skiekunde Kategory:Yntroduksje út 1869