Nizza Monferrato is in stêd en gemeente yn 'e Italjaanske regio Piëmont. Nizza Monferrato leit yn 'e provinsje Asti en hat goed 10.000 ynwenners. De streek Monferrato is bekend fanwege de wyn dy't dêr produsearre wurdt.
Geografy Nizza Monferrato leit 30 km súdeastlik fan 'e provinsjestêd Asti. De stêd leit op in hichte fan 137 meter boppe de seespegel oan 'e ûnderrin fan 'e Belbo (riviersysteem fan 'e Tanaro en de Po) oan 'e râne fan 'e heuvels fan Asti. It gemeentegebiet beslacht in oerflak fan 30,36 km². Ta de gemeente hearre ek de doarpen en buorskippen Case Giolito, Istituto San Giuseppe, Ponteverde, Regione Annunziata, Bossola primo, Regione Baglio, Regione Bricco, Regione Campolungo, San Michele, San Nicolao, Sant'Anna, Villa Cerreto en Volta.
Kategory:Gemeente yn Piëmont Kategory:Plak yn Piëmont