De hyenahûn (wittenskiplike namme: Lycaon pictus), ek wol de Afrikaanske wylde hûn of de Kaapske jachthûn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hyenahûnen (Lycaon). It is de iennichste libbene fertsjintwurdiger fan dat skaai. De hyenahûn hat in tige fragmintearre fersprieding yn Afrika besuden de Sahara, mei de grutste konsintraasjes yn East-Afrika en Súdlik Afrika. It is in hyperkarnivoar deidier, dat benammen jacht makket op evenhoevigen. Yn 2020 waard rûsd dat de totale wrâldpopulaasje út minder as 6.600 eksimplaren bestie, ferdield oer 39 subpopulaasjes dy't gjin kontakt mei-inoar hawwe. De IUCN klassifisearret de hyenahûn dêrom as bedrige.

Taksonomy en evolúsje Taksonomy De ierste beskriuwing fan 'e hyenahûn waard nei alle gedachten op skrift steld troch de Grykske dichter Oppianus, dy't libbe yn 'e twadde iuw. Dyselde neamde in yn Afrika libjend bist mei de namme thoa, dat in krusing fan 'e wolf en it loaihoars wêze soe. It liek yn foarm op 'e wolf en yn kleur op it loaihoars. It tinken is dat de thoa de hyenahûn west hawwe moat, hoewol't de ferklearring fan lichemsfoarm en kleur fansels op klearebare fantasij berêst.

De hyenahûn waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1820 troch de foaroansteande Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. Dyselde basearre him dêrby op in spesimen dat ôfkomstich wie fan 'e kust fan it hjoeddeistige Mozambyk. De oarspronklike wittenskiplike namme dy't er it bist taparte, wie Hyaena picta, mei't er by fersin tocht dat er mei in hyena fan dwaan hie. Yn 1827 waard de hyenahûn reklassifisearre as in hûneftige troch de Ingelske mammalooch Joshua Brookes. Dy feroare de wittenskiplike namme yn Lycaon tricolor, mar de omsetting fan it soartespesifike diel ta tricolor ("trijekleurich") waard letter troch de ynternasjonale autoriteiten op it mêd fan 'e taksonomy yn oerienstimming mei de taksonomyske regels weromdraaid ta pictus (de manlike wjergader fan picta, dat it Latynske wurd foar "bûnt" is).

De Amerikaanske paleöntolooch George G. Simpson woe mids tweintichste iuw hawwe, de hyenahûn, de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) út Súd- en Súdeast-Aazje en de boskhûn (Speothos venaticus) út Súd-Amearika soene byinoar pleatst wurde moatte yn 'e ûnderfamylje fan 'e wylde hûnen (Simocyoninae). Biologen lykas de Ingelse Juliet Clutton-Brock kanten har tsjin dy yndieling oan, mei't de bisten eins inkeld wat it gebit oanbelange tige opinoar lykje, wylst se fierders sterk ferskille. En de oerienkomsten op it mêd fan 'e tosken soene ek skoan in gefolch wêze kinne fan konverginte evolúsje.

Evolúsje De hyenahûn beskikt fan alle soarten hûneftigen oer de meast spesjalisearre adaptaasjes op it mêd fan pelskleur (bûnt), dieet (fleis) en úthâldingsfermogen foar draven (by de efterfolging fan proaien). It gebit is oanpast oan it hyperkarnivoare dieet. De wichtichste ferskillen mei de measte oare hûneftigen binne de mânske grutte fan 'e foarkiezzen (yn ferhâlding ta lichemsgrutte de grutsten fan alle libbene bisten útsein de bûnte hyena), de feroaring fan 'e talonide (it efterste, legere diel fan in kies yn 'e ûnderkaak) yn in snijtosk foar it snijen fan fleis, en de reduksje of it ferlies fan 'e echte kiezzen yn 'e ûnderkaak.

Deselde oanpassing komme ek foar by de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) en de boskhûn (Speothos venaticus). In ûndersyk út 2019 brocht oan it ljocht dat it skaai fan 'e hyenahûnen (Lycaon) him troch de foarneamde evolúsjonêre adaptaasjes likernôch 1,7 miljoen jier lyn ôfspjalte hat fan 'e skaaien fan 'e hûnen (Canis) (dêr't û.m. de wolf ta heart) en de Aziatyske wylde hûnen (Cuon). Dat barde rûchwei om deselde tiid hinne as de diversifisearring fan 'e evenhoevigen (Artiodacyla), en liket dêr in reäksje op west te hawwen.

It âldste fossyl fan in hyenahûn is oantroffen yn 'e HaYonimgrot yn Israel en datearret fan likernôch 200.000 jier lyn. De evolúsje fan dit bist is troch in krapte oan fossilen noch altyd frijwat ûndúdlik. Guon paleöntologen binne fan tinken dat de hyenahûnen ôfstamje fan 'e saneamde nuverhûnen (Xenocyon), dy't ornaris as ûnderskaai fan it skaai fan 'e hûnen (Canis) klassifisearre wurde. Oare saakkundigen slane foar om 'e útstoarne soarten út dat ûnderskaai, Falconers hûn (Canis falconeri) en de âldere hyenahûn (Canis lycaonoides) nei it skaai fan 'e hyenahûnen oer te pleatsen. Sa soene dan (nei de miening fan sokke saakkundigen) trije gronosoarten (yn inoar oergeande soarten) byinoar brocht wurde: Falconers hûn út it Let-Plioseen fan Jeraazje, de âldere hyenahûn út it Ier-Pleistoseen fan Jeraazje en Afrika, en de hyenahûn fan it Mid-Pleistoseen ôf.

It is ek noch ûndúdlik hoe't de hyenahûn him krekt ferhâldt ta de oare, fossile soarten út it skaai fan 'e hyenahûnen (Lycaon), wêrfan't de sekowehûn (Lycaon sekowei) út Súdlik Afrika de bekendste en wichtichste is. Guon saakkundigen miene dat de sekowehûn in foarâlderlike soarte fan 'e hyenahûn wie, wylst oaren fan tinken binne dat de beide bisten as sustersoarten beskôge wurde moatte.

Fersprieding Hoewol't de fersprieding fan 'e hyenahûn him yn it ferline oer it grutste part fan Afrika útwreide hawwe moat, is it foarkommen fan dit bist no bot fragmintearre. De grutste konsintraasjes besteane yn Súdlik Afrika: yn 'e Kalahary en de Okavangodelta fan Botswana en Namybje, it Nasjonaal Park Kruger yn Súd-Afrika en oanbuorjende kriten yn Mozambyk en Simbabwe, en yn ferskate dielen fan westlik, sintraal en súdeastlik Sambia. Oare wichtige populaasjes libje yn East-Afrika: yn dielen fan súdlik en westlik Tanzania, op 'e Serengeti yn it noarden fan dat lân en yn súdeastlik en sintraal Kenia.

Foar de rest is de wrâldpopulaasje fan 'e hyenahûn fersille oer lytse populaasjes yn súdlik Etioopje, súdwestlik Sûdaan, dielen fan Súd-Sûdaan, sintraal Tsjaad, it noarden fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk en Kameroen, eastlik Boerkina Faso, noardlik Benyn, súdwestlik Niger en súdeastlik Senegal. Ien lytse populaasje komt noch foar yn it uterste súdeasten fan Algerije. Yn it tichte Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika kaam de hyenahûn nea foar, mar yn oare dielen fan Afrika is it ferdwinen fan dit bist in ûntjouwing fan 'e lêste hûndertfyftich jier. Yn 'e Aldheid omfette it ferspriedingsgebiet behalven Afrika ek dielen fan it Midden-Easten.

Uterlike skaaimerken De hyenahûn hat trochinoar in kop-romplingte fan 71–112 sm, mei in sturtlingte fan 29–41 sm en in gewicht fan 18–36 kg. De skofthichte bedraacht 60–75 sm. Dêrmei is de hyenahûn de grutste en swierste fan alle hûneftigen yn Afrika. Wrâldwiid moat er datoangeande inkeld it soartekompleks fan 'e wolf (grize wolf, reade wolf, hûn, dingo) foargean litte. Der bestiet in beheinde mjitte fan seksuele dimorfy yn 'e soarte, mei't teven ornaris 3–7% lytser binne as rikels. Yn ferhâlding ta soarten út it skaai fan 'e hûnen (Canis), lykas de grize wolf (Canis lupus), is de hyenahûn rank, stiet er heech op 'e poaten en binne de earen rûn en bûtenproporsjoneel grut. Ek mist er oan sawol de foar- as efterpoaten de lytse fyfde tean (mei de fyfde klau), dy't by de hûnen wol oanwêzich is, mar de grûn net rekket. Hyenahûnen binne sadwaande tetradaktyl.

De pels fan 'e hyenahûn ferskilt yn oansjenlike mjitte fan 'e pels fan oare hûneftigen, mei't er inkeld bestiet út stive, boarstelige boppehierren en alhiel gjin ûnderhier. Dat is nei alle gedachten in oanpassing oan it waarme klimaat fan Afrika. Folwoeksen eksimplaren ferlieze stadichwei mear hier neigeraden dat se âlder wurde, en âlde bisten binne suver neaken. De pels fan 'e hyenahûn is bûnt fan kleur. It is de iennichste hûneftige wêrby't dat sa is. De kleuren rinne fan swart fia dûnkerbrún, ljochtbrún en giel nei wyt. Dêrby is it ferskaat foar in part geografysk bepaald: eksimplaren út East-Afrika en de Hoarn fan Afrika binne oer it algemien swart mei lytse giele en wite plakjes, wylst hyenahûnen út Súdlik Afrika feller kleure binne, mei in mingsel fan brún, swart en wyt yn frijwol gelikense mjitten. De fariaasje fan it kleurepatroan is ekstreem en kin maklik brûkt wurde foar yndividuele indentifikaasje. Hyenahûnen lykje dat sels ek te dwaan, mei't se bekende soartgenoaten al op in ôfstân fan 50–100 m weromkenne. De kleuren ferskille benammen op 'e lea en romp. De kop hat oer it algemien by de snút in swarte kleur, dy't nei de nekke ta stadichoan oergiet yn brún. De sturt is altyd fierhinne wyt.

Biotoop De hyenahûn is in bist fan 'e iepen flakte en komt foar it meastepart op steppes en savannes foar. Op jacht kinne hyenahûnen as passanten ek oantroffen wurde yn heuvels en berchlân en kriten dy't begroeid binne mei ticht strewelleguod en iepen bosk. Hoewol't dizze bisten bosk oer it algemien mije, bestiet der yn it Etiopysk Heechlân ien populaasje dy't kontinu yn berchwâlden op in hichte fan 2.400 m boppe seenivo libbet. Der is ek teminsten ien dokumintearre waarnimming fan in ridel hyenahûnen op 'e top fan Afrika's heechste berch, de Kilimanjaro, yn noardlik Tanzania, mei in hichte fan 5.895 m. In dead eksimplaar waard yn juny 1995 oantroffen op it Sanettiplato yn súdeastlik Etioopje, op in hichte fan 4.050 m.

Hâlden en dragen Sosjaal hâlden en dragen Hyenahûnen binne tige sosjale bisten, dy't yn ridels libje krekt sa't wolven dat dogge. Harren sosjale bannen binne sterker as dy by de liuw (Panthera leo) en de bûnte hyena (Crocuta crocuta), twa oare bisten dy't yn Afrika yn groepen foarkomme, mar dy't ek wol solitêr libje. Dat lêste sjocht men by de hyenahûn frijwol nea. In ridel hyenahûnen bestiet út 2–27 folwoeksen eksimplaren en healwoeksen jongen, mei dêropta de jongen fan dat oangeande jier. Trochinoar hawwe sokke ridels 4–9 folwoeksen en healwoeksen leden. Wannear't in hyenahûn troch omstannichheden fan syn ridel skaat wurdt, rekket er deprimearre en kin er komme te stjerren oan brutsenhertsyndroom.

De mantsjes en de wyfkes hawwe eigen dominânsjehierargyen, dy't los faninoar steane. De wyfkes wurde oer it algemien oanfierd troch it âldste wyfke. De mantsjes kinne laat wurde troch it âldste mantsje, mar soms wurdt sa'nent 'ûnttroane' troch in sterker, jonger mantsje. De fersleine lieder bliuwt yn sa'n gefal likegoed diel útmeitsjen fan 'e ridel. It dominante pear hat ornaris it monopoalje op 'e fuortplanting. By hyenahûnen bliuwe de mantsjes yn 'e ridel dêr't se yn berne binne, wylst de wyfkes fuorttsjogge, omdoarmje en in plak yn in oare ridel fine. By de measte oare sosjale karnivoaren, wêrûnder wolven, liuwen en bûnte hyena's, giet dat krekt oarsom, mar by beskate soarten primaten, lykas gorilla's en sjimpansees, giet it krekt as by hyenahûnen. Yn 'e measte ridels is de ferhâlding fan it tal mantsjes ta it tal wyfkes 3:1.

Kommunikaasje Kommunisearjen dogge hyenahûnen mei in wiidweidich fokaal rippertwaar, dat bestiet út tsjilpen, janken, gjalpen, piipjen, blaffen, grânzgjen, goarreljen, brommen en kroanjen.

Yn 'e Okavangodelta fan Botswana is waarnommen hoe't hyenahûnen ek kommunisearje troch in proestend lûd fuort te bringen, makke troch koart en ferheftich út te azemjen troch de noasters. Foarôfgeande oan in jacht moat de ridel 'mobilisearre' wurde. Dat bart troch 'proesten'; wat mear ridelleden 'proeste', wat grutter de kâns dat de hiele groep ôfset om op jacht te gean. As ien fan it liederspear of in oar dominant ridellid 'proest', is de jacht wierskynliker as wannear't in ûnderhearrich lid fan 'e ridel de earste is dy't 'proest'. By inisjaasje troch in dominant lid binne trije bisten dy't 'proeste' genôch om ôf te setten op jacht, mar wannear't in ûnderhearrich lid as earste 'proest', moatte sa'n tsien oare ridelleden him byfalle om 'e hiele groep yn beweging te krijen. Biologen liede dêrút ôf dat hyenahûnen, alteast yn Botswana, by wize fan beslissingsproses in spesifike foarm fan kommunikaasje mei in fariabel kwoarum by it antwurdmeganisme ûntwikkele hawwe.

Fuortplanting