De Yndyske ljip (Vanellus indicus) is in fûgelsoarte yn it skaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining thumb|left|Vanellus indicus. De Yndyske ljip is in relatyf grutte ljip mei in lichemslingte fan 32-25 sintimeter. De soarte hat in unike kombinaasje fan lange, giele poaten en in swarte kiel, mûtse, nekke. Ek it midden fan it boarst is swart, mar mei wite kanten. Yn 'e flecht is de swarte bân yn 'e midden fan 'e wite sturt te sjen. Ek typysk binne de reade eachring, de reade team en snaffelbasis. De rêch is effen ierdebrún.

By de ûndersoarte atronuchalis (dy't ek foarsteld is as in aparte soarte) komt it swart fan 'e kiel en nekke byinoar, sadat in wyt plak op 'e wangen oerbliuwt.

Fersprieiding De Yndyske ljip wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Vanellus indicus aigneri - komt foar fan súdeastlik Turkije oant Pakistan (grutter en ljochter as de nominaatfoarm). Vanellus indicus indicus - komt foar yn eastlik Pakistan, Yndia, Nepal en Bangladesj (nominaatfoarm, wurdt meast yn fûgelgidsen toant). Vanellus indicus lankae - komt foar yn Sry Lanka (lytser en donkerder as de nominaatfoarm, ek mear glâns). Vanellus indicus atronuchalis - komt foar fan noardeastlik Yndia en Myanmar oant Fjetnam en it Maleiske Skiereilân (hat in troch swart ynsletten wangplak).

200x200px 200x200px 200x200px 200x200px Vanellus indicus aigneri Vanellus indicus indicus Vanellus indicus lankae Vanellus indicus atronuchalis

De soarte wurdt ek yn Jordaanje en Israel waarnommen en op 14 maaie 2019 waard de soarte foar it earst yn Europa sjoen, yn Kroaasje. It wie nei alle gedachten deselde fûgel, dy't letter dat jier yn juny ek sjoen waard yn Belgje, Dútslân en Nederlân.

Ekology thumb|left|Fleanende Yndyske ljip. De soarte komt foar yn iepen gebieten tichteby swiet of brak wetter, oan rivieriggen, greidlân, grutte tunen en fjilden oant iepen bosk, strûklân en sels bermen oan diken.

Hy leit trije oant fjouwer aaien yn 'e maitiid of simmer, ôfhinklik fan it gebiet, yn in ûndjip gat yn 'e grûn, meastentiids tichteby wetter. De soarte yt krobben, oare ynsekten, mar ek weakdieren, skulpdieren en wjirms.

Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasjetrend is net bekend.

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam