De maskerljip (Vanellus miles) is de grutste fertsjintwurdiger fan it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining De maskerljip is mei 25 oant 38 sm lingte in grutte ljip. It meast karakteristyk is it giele masker, de giel kleure fearreleaze hûd om it each. By de ûndersoarte V. m. miles sit dat masker om it each en oant de kroan. By de ûndersoarte V. m. novaehollandiae is dat masker lytser en sit it allinnich tusken it each en de snaffel. By alletwa ûndersoarten hinget in stikje hûd as in giele flap by de snaffel lâns. De V. m. miles hat allinne in swarte kroan en is fierder wyt op 'e hals, it boarst en de búk. De fûgel is sânkleurich griisbrún fan boppe. De V. m. novaehollandiae hat útwrydsker swart op 'e kroan oant efter op 'e hals en it boppediel fan it boarst. Fierder is dy ûndersoarte tsjusterder fan boppe. De maskerljip fleant as in ljip, met rûne wjukken en in krêftige wjukslach. De fûgel hat in wite stút en in brede swart einbân op 'e sturt.
200x200px 200x200px V. m. miles V. m. novaehollandiae
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e maskerljip is as folget:
V. m. miles (oan 'e kusten fan Nij-Guineä, de Arû-eilannen en it noarden fan Austraalje) V. m. novaehollandiae (it suden en easten fan Austraalje en Nij-Seelân)
Yn Queensland leit in gebiet dêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e twa ûndersoarten inoar oerlaapje. It neiteam dêr liket it meast op 'e V. m. novaehollandiae mei mear swart op 'e krún.
De soarte libbet by en op iepen lân mei koart gers, sawol natuerlik as keunstmjittich lânskip en ek wiete gebieten. Hâlden en dragen De maskerljip bout it nêst yn in kûltsje mei drûch gers, stientsjes en/of kowestront en leit dêr fjouwer aaien yn, dy't yn goed 4 wiken útbret wurde.
De maskerljip yt ynsekten en wjirms, mar ek weakkdieren, skulpdieren, blêden en sied.
200x200px 200x200px Broedsje Pyk
Status De maskerljip kin him maklik oanpasse en nimt yn oantallen ta. Fanút Austraalje hat de súdlike ûndersoarte him ek yn Nij-Seelân fêstige. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2025) klassifisearre.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor