De spoarljip (Vanellus spinosus) is in fûgelsoarte yn it skaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining De spoarljip is in middelgrutte waadfûgel fan 19 oant 21 sintimeter mei in swarte kroan, in swart boarst, in swarte streek oer it kin de hals en in swarte sturt. It gesicht, de rest fan 'e nekke en de búk binne wyt en de wjukken en rêch binne ljochtbrún. De snaffel en poaten binne swart. De gewoane namme fan 'e fûgel ferwiist nei in lytse klau of spoar, ferburgen 'e wjuk. 200x200px 200x200px 200x200px Aai Pyk Fleanende fûgel
Fersprieding De spoarljip briedt om it eastlike Middellânske Seegebiet hinne en yn in brede bân fan West-Afrika ûnder de Sahara oant Araabje. De Grykske en Turkske briedfûgels binne trekfûgels, mar oare populaasjes binne stânfûgels. De soarte nimt yn syn noardlike ferspriedingsgebiet ôf, mar is talryk yn in grut part fan tropysk Afrika en wurdt dêr yn hast elts wiet gebiet yn syn ferspriedingsgebiet oantroffen. Yn eastlik en súdlik frika hat de soarte him útwreide. Yn 1988 kaam de fûgel foar it earst yn Sambia foar.
Status Oannommen wurdt dat de fûgel yn oantallen tanimme. Hy hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaas en op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).
De spoarljip is ien fan 'e soarten dêr't de Oerienkomst oangeande it Behâld fan Afrikaansk-Euraziatyske Trekwetterfûgels op fan tapassing is.
Trochilus-fûgel De spoarljip is tegearre mei de krokkedilwachter ien fan 'e soarten wêrfan't oannommen wurdt dat se it prototype binne foar de "trochilus"-fûgel, wêrfan't sein waard dat er in symbiotyske relaasje mei krokkedillen hie. De Grykske histoarikus Herodotus ferhellet oer krokkedillen dy't mei iepen tsjeaken oan 'e kant fan it wetter leinen en dat de "trochilus" resten fleis tusken de tosken fan 'e krokkedillen opite mochten sûnder dat se dêrby opfretten waarden. Dat hâlden en dragen is lykwols nea befêstige en it ferhaal wurdt hjoed-de-dei as in fabel beskôge, alhoewol't de spoarljip wol faak by krokodillen sjoen wurdt.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia