Tsjeardsje Lamberts (Ljouwert, 19 novimber 1958) Friese schrijvers en dichters is de skriuwer fan de Fryske skriller Depot 5 - de moard op de haadargivaris. Neffens de efterflap fan it boekwurk wie sy mear as fjirtich jier argyfmeiwurker by tal fan ynstellingen yn Ljouwert en Den Haag.
"Se hat in soad belangrike bestjoersfunksjes hân en lêst gauris in Skandinavyske skriller. Yn it wykein spilet se graach golf. Lamberts hat in handicap fan 25.5."
Depot 5 200px|thumb|left|Foarside fan Depot 5 Depot 5 (2025) Boekprofyl is it debút fan Lamberts yn it literêre fjild fan de Frysktalige skillers. It fertelt it ferhaal fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden Ljouwert stêd fan it lân, dêr 't yn depot 5 fan it Argyf de haadargivaris Olders Lourensma dea oantroffen is.
Yn deselde nacht is in kostber skaaltjse ferdwûn út it ferneamde stedsmuseum. Stellen. De krekt oanstelde ynspekteur Kynke Swichum moat fuort oan de bak. De fraach is of se har losmeitsje kin fan har reputaasje en dizze saak oplosse.
Yn dizze flotskreaune Fryske skriller komme allerhanne types foar dy't Kinke net altyd stypje. It is in spannende speurtocht dy't nei in iiskâlde apoteoaze fiert.
Resepsje De debútskriller is oanbean by de pensjonearring ôfskie ryksargivaris fan ryksargivaris Lourens Oldersma Lourens Oldersma dy't it earste eksimplaar op de dei fan syn ôfskied fan Tresoar oerlange krige. It boekje is dêrneist yn beheinde oplage printe en útjûn troch de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje) Afûk Útjouwerij yn gearwurking mei Tresoar.
Ut in resinsje Cluedo op it Roptaslot fan Jaap Krol Jaap Krol yn it Friesch Dagblad (20-12-2025) blykt grut entûsjasme foar in 'hearlik boek' mei humor en in ferrassende ûntknoping. Foar folgers fan de Fryske literatuer Fryske literatuer is Depot 5 yn alle gefallen ferplichte kost. Krol neamt it net allinich in who-dunnit, mar lykegoed in who-wrote it.
Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk skrillerskriuwer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1958