Jan Sjoerds Kuperus (Arum, 10 desimber 1875 - Harns, 9 jannewaris 1962) wie in Frysk keatser.

Kuperus berne yn Arum groeide op yn Marsum, helle 323 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1900 wûn hy foar Marsum de Bûnspartij foar Senioaren, yn 1901 wist er mei Jan Reitsma fan Penjum en Meindert Helfrich fan Kimswert de PC te winnen Kuperus waard ta kening utroppen. In jier letter wûn er de PC wer dizze kear tegearre mei Sytze Abeles Kooistra fan Wytmarsum en Johannes Struiksma fan Wommels, Kuperus waard foar de twadde kear ta kening utroppen. Datselde jier wie er nei Wytmarsum ferhuze om dêr kastlein te wurden.

Kuperus wie, útsein in poerbêste achterynse en opslagger, in treflike koartebaanrider. Mar yn de winter fan 1902 op 1903, weromkommend fan in wedstriid, ried Kuperus yn in wek. Hy krige in longûntstekking, en soe dat nea wer hielendal te boppe komme.

Jan Sjoerds Kuperus ferstoar op 9 jannewaris 1962 yn de âldens fan 87 jier.

Prizen 1896 - PC 2e priis 1897 - PC 2e priis 1899 - de Bond 3e priis 1899 - PC 3e priis 1900 - de Bond 1e priis 1900 - PC 2e priis 1901 - de Bond 2e priis 1901 - PC 1e priis 1902 - de Bond 7e priis 1902 - PC 1e priis 1903 - de Bond 1e priis 1906 - PC 3e priis 1904 - de Bond 1e priis 1908 - de Bond 3e priis 1909 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne yn Arum Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1962