Klaas Willems Boorsma (Tsjummearum, 9 april 1849 - Sweins, 6 july 1932) wie in Frysk keatser.

Klaas Boorsma kaam út in echte keatsfamylje. Sa wûn syn heit Willem Boorsma de PC yn 1854, 1855 en 1857, beide lêste kearen mei de omkes fan Klaas, Evert en Jan.

Yn 1869 stapte de doe noch yn Tsjummearum wenjende Boorsma yn de fuotspoaren fan syn heit en omkes troch foar it earst ek de PC te winnen. mei Klaas Folkerts Post en Auke Miedema.

Yn 1871 stie er noch op de PC-list as Tsjummearumer, mar yn 1872 waard syn wenplak Sweins, dêr't hy oan it wurk gie as boere-arbeider en letter sels as boer.

Hy skreau de PC sân kear op syn namme, foar de lêste kear yn 1887, behelle fjouwer twadde prizen en waard yn 1886 útroppen ta kening.

Klaas Willems Boorsma ferstoar op 6 july 1932 yn 'e âldens fan 83 jier.

De keatsferiening fan Sweins hat de namme fan Boorsma Keatsferiening Klaas Boorsma krigen.

Prizen 1869 - PC 1e priis 1872 - PC 1e priis 1878 - PC 2e priis 1879 - PC 2e priis 1880 - PC 2e priis 1881 - PC 1e priis 1882 - PC 2e priis 1883 - PC 1e priis 1885 - PC 1e priis 1886 - PC 1e priis 1887 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Tsjummearum Kategory:Persoan stoarn yn Sweins Kategory:Persoan berne yn 1849 Kategory:Persoan stoarn yn 1932