De Amerikaanske markol of Amerikaanske merkel (Fulica americana) is in fûgel yn it skaai markols (Fulica) út de famylje ralfûgels (Rallidae).
Ferskining De fûgel hat in soad fan 'e ek yn Fryslân foarkommende (Euraziatyske) markol en is likernôch like grut. Op it folle lytsere skyld fan 'e Amerikaanske markol sit lykwols in readbrún plak. De snaffel is breder as dy fan ús markol en ha oan 'e ein boppe en ûnder in readbrún plak. De poaten binne gielgrien oan smoarch oranje, wylst de gewoane markol grize poaten hat. In oar ferskil is dat de Amerikaanske markol wite ûndersturtdekfearren hat. It fearrekleed fan mantsjes en wyfkes is itselde.
Fersprieding De soarte komt yn in grut part fan Noard-Amearika foar, yn Sintraal-Amearika en lokaal yn 'e noardlike Andes. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
Fulica americana americana: fan súdeastlik Alaska en Kanada oant Kosta Rika en West-Ynje. Fulica americana columbiana: Kolombia. Yn noardlik Ekwador is de fûgel mooglik útstoarn.
Amerikaanske markol Euraziatyske markol Amerikaanske markol(wite ûndersturt) Euraziatyske markol(swarte ûndersturt)
Hâlden en dragen Amerikaanske markols ite knoppen, blêd, stangels fan wetterplanten, sied en ynsekten en oare lytse bistjes. Se foerazjearje op 'e grûn by it wetter of dûke yn it wetter nei planten. Briedende pearkes binne tige fûl yn it ferdigenjen tsjin ynkringers. It nêst bestiet út blêden en stangels en sit tusken begroeiïng yn it wetter of tusken leechhingjende tûken. Winterdeis foarmje se grutte groepen.
Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre. De grutte fan 'e populaasje wurdt op 7,2 miljoen folwoeksennfûgels rûsd, wêrfan't 5.500.000 yn 'e Feriene Steaten en Kanada.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Markol Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen