De swartrêchpoarperhin (Porphyrio indicus) is in fûgel út 'e famylje ralfûgels (Rallidae).

Ferskining De swartrêchpoarperhin hat in reade snaffel en reade poaten. De fûgel ûnderskiedt him fan oare fûgels yn it skaai troch syn swarte rêch. De fûgel komt yn dielen fan it ferspriedingsgebiet tagelyk foar mei de griiskoppoarperhin, mar is oer it generaal folle donkerder.

Takonomy De swartrêchpoarperhin waard earder mei fiif oare soarten as ûndersoarte fan 'e poarperhingroep beskôge, dêr't ek de gewoane poarperhin, de Australyske poarperhin, de griiskoppoarperhin, de smaragdpoarperhin en de Filipynske poarperhin ta hearden. Nei oanlieding fan yn 1997 en 2015 publisearre molekulêre fylogenetyske stúdzjes waard de poarperhin opdield yn seis soarten. Guon autoriteiten behannelje se lykwols noch jimmeroan as ûndersoarten.

De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.

Ferprieding De fûgel libbet yn Súdeast-Aazje oant Sulawesi en Borneo.

Status De IUCN behannelet de fûgel as in ûndersoarte fan 'e poarperhin. Dêrfandinne is der gjin aparte status fan 'e fûgel.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä