It Australazysk gebiet of Australaazje is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme ferwiist nei Australaazje, in geografyske regio dy't it kontinint Austraalje omfettet mei dêropta Nij-Seelân, Nij-Guineä en de omlizzende lytsere eilannen.
It Australazysk gebiet beslacht yn 'e gongberste definysje Austraalje, Tasmaanje, Nij-Seelân mei de Chathameilannen, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden (Fanûatû), de Salomonseilannen, Nij-Guineä mei de Bismarckarsjipel en oare, lytsere eilannegroepen, de Molukken, Selebes en de Lytse Sûnda-eilannen (útsein Baly). By dizze definysje wurde de grinzen fan it Australazysk gebiet foarme troch de Wallaceline yn it westen en de Lydekkerline yn it easten.
De Wallaceline, ferneamd nei de Ingelske biogeograaf Alfred Russel Wallace, skiedt de gebieten dy't yn 'e iistiden by in folle leger seenivo troch lânbrêgen ferbûn wiene mei it fêstelân fan Austraalje fan 'e gebieten dy't doe oan it fêstelân fan Aazje fêstsieten. Dy skieding leit tusken Borneo en Selebes en tusken Baly en Lombok. Selebes, de Molukken en de Lytse Sûnda-eilannen (Lombok, Sûmba, Sûmbawa, Floares, Timor en omlizzende lytsere eilantsjes) wurde dêrom ek wol Wallacea neamd. Dat is in oergongssône tusken it Australazysk gebiet en it Yndomaleisk gebiet, dat û.o. de westlike helte fan 'e Yndyske Arsjipel omfettet.
De Lydekkerline, fereneamd nei de Ingelske biolooch Richard Lydekker, skiedt yn Oseaanje de eilannen dy't omjûn wurde troch djip wetter fan dy dy't krekt as it Australyske fêstelân op it (ûndjippere) Sahulplat lizze, dat it kontinintaal plat fan it Australyske kontinint is. Mar Nij-Seelân, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden, de Salomonseilannen en de Bismarckarsjipel wurde ek wol yn it oanbuorjende Oseänysk gebiet pleatst, dat noardlik en eastlik fan it Australazysk gebiet leit. Yn dy definysje bliuwt fan it Australazysk gebiet dus allinnich Austraalje, Tasmaanje, Nij-Guineä en Wallacea oer.
It Australazysk gebiet is alhiel beheind ta it eastlik healrûn. It kin opdield wurde yn ferskate lytsere ekoregio's, wêrûnder it diel fan Austraalje beëasten it Grutte Skiedingsberchtme, it Mediterrane súdwesten en suden fan Austraalje, de woastinen fan it Australyske binnenlân, it tropyske noarden fan Austraalje, Nij-Seelân, de eilannen beëasten Nij-Guineä (Bismarckarsjipel, Salomonseilannen, Nije Hebriden en Nij-Kaledoanje), Nij-Guineä sels, Selebes en de Molukken, en de Lytse Sûnda-eilannen.
Kategory:Ekosône Kategory:Natoer yn Aazje Kategory:Natoer yn Oseaanje