It Afrotropysk gebiet of de Afrotropis is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme is in gearlûking fan "Afrika", dat it grutste part fan dizze ekosône útmakket, en "Tropis", in oantsjutting foar de kriten yn 'e neite fan 'e evener, dy't in tropysk klimaat hawwe. It betsjut dus eins de "Afrikaanske Tropen".
It Afrotropysk gebiet omfettet Afrika fan Kaap de Goede Hoop yn it suden oant en mei de Sahelsône yn it noarden, mei dêropta Madagaskar en de lytsere Afrikaanske eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, it Arabysk Skiereilân en it uterste súdeasten fan Iraan. Noard-Afrika, it noardlike diel fan it Midden-Easten en de rest fan Iraan hearre ta it oanbuorjende Paleärktysk gebiet. Yn it uterste easten grinzget it Afrotropysk gebiet yn súdeastlik Iraan ek noch oan it Yndomaleisk gebiet, dat û.o. Súd-Aazje omfettet.
It Afrotropysk gebiet leit foar it meastepart op it eastlik healrûn, mar it westen fan West-Afrika stekt út yn it westlik healrûn. De namme "Afrotropysk gebiet" is in bytsje misliedend, yn it foarste plak om't der ek regio's ta dizze ekosône hearre, dy't net yn Afrika lizze, mar ek om't de ekosône lang net hielendal yn 'e tropen leit. Histoarysk waard it Afrotropysk gebiet lang it Etiopysk gebiet neamd, in namme dy't de lading likemin diek.
It Afrotropysk gebiet kin opdield wurde yn ferskate lytsere ekoregio's, wêrûnder de Sahel en Sûdaan, de woastinen fan it Arabysk Skiereilân, de súdlike Arabyske wâlden, de Guineesk-Kongoleeske regio (fan tropyske reinwâlden), de Somalysk-Masaïske regio (wêrûnder de woastinen fan 'e Hoarn fan Afrika en de Serengeti), de Eastafrikaanske Heechlannen (wêrûnder it Etiopysk Heechlân en it Ruwenzoriberchtme), it Sambezygebiet, de woastinen fan Súdlik Afrika (lykas de Kalahary, de Namyb en de Karoo), de Kaapregio, en Madagaskar en de eilannen yn de Yndyske Oseaan.
Op it mêd fan 'e soölogy wurdt it Afrotropysk gebiet karakterisearre troch it behâld fan in grut diel fan 'e megafauna dy't yn oare dielen fan 'e wrâld mear as tsientûzen jier lyn útstoarn is by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje. Men kin dan tinke oan 'e savanne-oaljefant (Loxodonta africana), de boskoaljefant (Loxodonta cyclotis), de wite noashoarn (Ceratotherium simum), de swarte noashoarn (Diceros bicornis), it nylhoars (Hippopotamus amphibius), de Kaapske buffel (Syncerus caffer), de elandantilope (Tragelaphus oryx), de súdlike sjiraffe (Giraffa giraffa), de Masaïsjiraffe (Giraffa tippelskirchi), de steppesebra (Equus quagga), de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus), it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), de karakal (Caracal caracal), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de strúsfûgel (Struthio camelus) en de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus).
Kategory:Ekosône Kategory:Natoer yn Afrika Kategory:Natoer yn Aazje