De Markesaseilannen (ek stavere as Marquesaseilannen) of Markize-eilannen binne in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Yn it Frânsk hjitte de eilannen: Îles Marquises (útspr.: [ˈil maʁˈkiːz], likernôch: "yl mach-kiiz"), mei de betsjutting: "Markize-eilannen", d.w.s. "eilannen fan 'e markys" (sjoch foar útlis: § Namme). Yn it lânseigen Noardmarkezysk en Súdmarkezysk wurde de eilannen Te Henua Enana, resp. Te Fenua ‘Enata neamd, beide mei de betsjutting "Lân fan 'e Minsken". De arsjipel heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje en falt bestjoerlik ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is.
Der binne fyftjin eilannen (wêrfan't seis bewenne wurde), dy't fan fulkanyske oarsprong binne en in tropysk klimaat hawwe. Polynezyske seefarders setten har der yn 'e rin fan it earste milennium nei wenjen. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw waard de arsjipel kolonisearre troch Frankryk. It haadplak is Taioha‘e, op it eilân Nuku Hiva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 wenje der tsjintwurdich krapoan 9.500 minsken op 'e eilannen, wat mar in fraksje is fan 'e histoaryske befolking. Yn 2024 waarden de Markesaseilannen troch de UNESCO opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist.
Namme De Makesaseilannen tankje har namme oan García Hurtado de Mendoza, 5e markys fan Cañete, in sechstjinde-iuwske ûnderkening fan Spaansk-Perû. De arsjipel waard nei dy man ferneamd troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Álvaro de Mendaña, dy't de Markesaseilannen yn 1595 oandie. Marqués is it Spaanske wurd foar "markys"; de foarm Marquesas is it meartal, dat brûkt waard om't it om ferskate eilannen gie: "de Markizen".
Geografy De Markesaseilannen binne in arsjipel dy't rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit, besuden de evener. De eilannegroep heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik meitsje de Markesaseilannen yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is. De Markesaseilannen lizze sa'n 1.370 km noardeastlik fan it eilân Tahity, dêr't Papeete leit, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje. De neiste kontinintale lânmassa is Noard-Amearika; de súdwestkust fan Meksiko leit likernôch 4.800 km nei it noardeasten ta.
De Markesaseilannen sels lizze yn in langwerpige kloft fan it súdeasten nei it noardwesten. De arsjipel falt geografysk útinoar yn twa dielen: de Noardlike Markesaseilannen en de Súdlike Markesaseilannen. De noardlike groep bestiet út 'e eilannen Eiao, Hatutu, Motu One, Nuku Hiva, Motu Iti (ek bekend as Hatu Iti), ‘Ua Pou, Motu ‘Oa en ‘Ua Huka. De súdlike groep omettet de eilannen Fatu Huku, Hiva ‘Oa, Tahuata, Mohotani (of Motane), Terihi, Fatu Hiva en Motu Nao (of Thomasset Rock). It grutste eilân fan 'e noardlike groep is Nuku Hiva; it grutste eilân fan 'e súdlike groep is Hiva ‘Oa. Mei-inoar hawwe de eilannen in oerflak fan 1.049,3 km². Nuku Hiva is, nei Tahity, it grutste eilân fan Frânsk-Polyneezje. It heechste punt op 'e Markesaseilannen is de berch de Oave op ‘Ua Pou, mei in hichte fan 1.230 m boppe seenivo.
Geology Utsein Motu One, dat in atol is, binne alle Markesaseilannen fan fulkanyske oarsprong. Se binne skepen troch de Markesashotspot, in fulkanyske hotspot dêr't yn geologyske termen oan ien wei troch magma opboarrelet út 'e djipten fan 'e ierde, mei as gefolch it ûntstean fan fulkanen dy't lang om let sa heech wurde dat se boppe de seespegel út stykje en eilannen foarmje. Troch de tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat yn noardwestlike rjochting wurde dy eilannen hieltyd dy kant út fuortfierd, wêrnei't der boppe de hotspot wer in nij eilân ta wêzen komt. Op dy wize binne alle fulkanyske Markesaseilannen foarme. It wurdt rûze dat Eiao, it âldste eilân út 'e groep, sa'n 6 miljoen jier lyn ûntstien is. It jongste, Fatu Hiva, is nei skatting 1,3 miljoen jier âld.
Skiednis Prekoloniaal tiidrek De earste minsklike bewenners fan 'e Markesaseilannen wiene Polynezyske seefarders dy't yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren oer in perioade fan mear as tûzen jier hieltyd fierder nei it easten ta oer de Stille Oseaan útdoarmen. Foarhinne waard ornearre, dy lju fêstigen har al foàr it jier 100 op 'e Markesaseilannen, mar letter ferskoden histoarisy, argeologen en antropologen dy datum op basis fan nije ynsichten nei it jier 600. Tsjintwurdich wurdt tocht oan in earste, ûnfolsleine kolonisaasje yn 'e tsiende iuw, folge troch in kolonisaasje fan 'e rest fan 'e arsjipel tusken 1190 en 1290.
De rykdom fan 'e natuerlike helpboarnen op 'e Markesaseilannen ûnderstipe histoarysk in grutte befolking. De eilanners ûnderholden harsels troch fiskerij, it gearfandeljen fan seefruchten by êb, it bejeien fan fûgels en ek troch bou. It baisiten waard foarme troch breafruchten, mar der waarden op 'e eilannen teminsten 32 oare, troch de minsklike bewenners fan oare plakken meinommen en op 'e Markesaseilannen yntrodusearre lânbougewaaksen ferboud.
Der bestiet hurd bewiis foar hannel tusken de ûnderskate eilannegroepen fan Polyneezje yn it prekoloniale tiidrek yn 'e foarm fan basalt út in stiengat op Eiao, dat weromfûn is op Mo‘orea yn 'e Genoatskipseilannen, op Mangareva yn 'e Gambiereilannen, op Tupua‘i yn 'e Australeilannen, op Rarotonga yn 'e Cookeilannen en op Tabuaeran yn 'e Line-eilannen (yn it tsjintwurdige Kiribaty). Dat betsjut dat de stien oer ôfstannen fan mear as 2.500 km oer see ferfierd wêze moat yn katamarans of útlizzerkano's.
Ierste Jeropeeske kontakten De earste Jeropeänen dy't de Markesaseilannen seagen, soene de bemanningsleden west hawwe kind fan 'e San Lesmes, in Spaansk skip dat yn juny 1526 yn in stoarm weiwaard. It makke diel út fan 'e ekspedysje fan García Jofre de Loaísa.
It earste dokumintearre besyk fan in Jeropeaan oan 'e arsjipel foel santich jier letter foar, doe't de Spaanske ûntdekkingsreizger Álvaro de Mendaña de eilannen op 21 july 1595 yn sicht krige. Hy ferneamde se nei syn opdrachtjouwer en finansier, don García Hurtado de Mendoza, 5e markys fan Cañete, dy't fan 1590 oant 1596 tsjinne as ûnderkening fan 'e Spaanske koloanje Perû. Mendaña die earst Fatu Hiva oant en dêrnei Tahuata, ear't er trochsylde nei de Salomonseilannen. Op syn lânkaart tekene er de súdlikste Markesaseilannen yn as Magdalena (Fatu Hiva), Dominica (Hiva ‘Oa), San Pedro (Mohotani) en Santa Cristina (Tahuata).
Kolonisaasje en kerstening Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw waard de befolking fan 'e Markesaseilannen troch Jeropeeske ûntdekkingsreizgers rûsd op 80.000 oant 100.000 minsken. Fan 1791 oant 1907 wiene de eilannen in populêr befoarriedingsplak foar walfiskfarders. De earste kristlike sindelingen dy't de eilannen berikten, wiene William Pascoe Crook en John Harris, dy't foar it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS) wurken en Tahity as tuskenstop brûkt hiene. Sy hiene lykwols net folle súkses by de bekearing fan 'e lânseigen befolking, en itselde lot trof in groepke Amerikaanske sindelingen dat yn 1834 oerkaam fan Hawaï.
Underwilens naam de Amerikaanske kommandeur David Porter yn 1813 it eilân Nuku Hiva yn besit foar de Feriene Steaten, mar it Amerikaanske Kongres hie gjin belangstelling foar de Markesaseilannen en ratifisearre dy oanspraak nea. Yn 1842 fierde de Frânske admiraal Abel Aubert du Petit-Thouars in koarte en súksesfolle militêre yntervinsje út op Tahuata yn it foardiel fan in pleatslike haadman, Iotete, dy't bewearde dat hy kening oer it hiele eilân wie. Neitiid tekene Iotete in ferdrach mei Petit-Thouars dat fan syn keninkryk in protektoraat fan Frankryk makke. It Frânske besykjen om yn 'e neifolgjende jierren stilswijend de hiele arsjipel oer te nimmen, mislearre yn 't earstoan doe't yn 1857 in koloniale delsetting op Nuku Hiva opjûn wurde moast. Mar yn 1870 wisten de Frânsen dochs ek de lêste eilannen yn 'e hannen te krijen. Sa kamen de Markesaseilannen by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet.
Doe't yn 1853 op 'e nij protestantske Amerikaanske sindelingen út Hawaï op Fatu Hiva arrivearren om in nije wraam op 'e bekearing fan 'e bewenners te dwaan, waarden se ferjage troch de roomske Frânske misjonarissen dy't dêr yn 1838 oankommen wiene. De Amerikanen setten doe nei Hiva ‘Oa, mar ek dêr slaggen se net yn harren opset, mei't de Markeezjers gjin belangstelling hiene foar it kristendom.
De Frânske misjonarissen, dy't har fan Fatu Hiva nei alle oare bewenne Markesaseilannen ferspraten, krigen itselde fijannich wolkom as de Amerikaanske sindelingen, mar mei de stipe fan 'e Frânske steat wisten se op 'en langen doer har sin troch te driuwen. Sa kaam der op 'e Markesaseilannen yn 'e rin fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in ein oan kannibalisme, minske-offers en ûnderlinge oarlochfiering, mar de misjonarissen leine tagelyk ek it near op oare kulturele tradysjes dy't se like skealik fûnen, lykas fruchtberensrituelen, it drinken fan (alkohoalyske) kava, it setten en sette litten fan tatoeaazjes, it meitsjen fan muzyk en it dielnimmen oan en sjen nei dûnsen. Dêrmei skeinden se de lânseigen kultuer fan 'e eilannen slim.
Yn deselde tiid hiene de Markeezjers foar it earst op grutte skaal te lijen ûnder besmetlike sykten (wêrûnder geslachtssykten). Fan 'e 80.000–100.000 eilanners út omtrint 1799 wiene der mids njoggentjinde iuw noch mar 20.000 minsken oer en oan it begjin fan 'e tweintichste iuw wie dat tal noch helte fierder belune nei likernôch 4.000 minsken. It djiptepunt waard yn 1926 berikt, doe't der noch mar 2.255 Markeezjers oer wiene.
Moderne skiednis Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Markesaseilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebiet waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje"). Yn 2024 waarden de Markesaseilannen troch de UNESCO, de kulturele organisaasje fan 'e Feriene Naasjes, op 'e Wrâlderfgoedlist setten.
Ekonomy Oars as op 'e Genoatskipseilannen, dêr't eilannen as Tahity, Bora Bora en Mo‘orea in protte toeristen lûke, is it toerisme op 'e Markesaseilannen gjin grutte sektor fan 'e ekonomy. Ynstee moat de arsjipel it benammen hawwe fan 'e lânbou en fiskerij. De wichtichste lânbougewaaksen binne kokosnuten, kopra, grienten en fruit.
Der binne fjouwer lytse fleanfjilden (eins net folle mear as in start- en lâningsbaan) op 'e Markesaseilannen: ien elts op 'e eilannen Nuku Hiva, ‘Ua Pou, ‘Ua Huka en Hiva ‘Oa. Op Tahuata lit de ûnregelmjittigens fan it terrein de oanlis fan in fleanfjild net ta, en hoewol't dat op it sintrale plato fan Fatu Hiva wol kinne soe, weagje dêr de kosten net op tsjin 'e baten, yn acht nommen dat der mar seishûndert minsken op it eilân wenje. De measte fracht berikt de Markesaseilannen op skippen út 'e haven fan Papeete op Tahity.
Bestjoer Bestjoerlik hearre de Markesaseilannen, yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen, ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).