Krassen, kraskjen of skrassen is de gongbere oantsjutting foar de folkalisaasje fan kriefûgels (Corvidae). Sokke fûgels bringe in ferskaat oan lûden fuort, dy't foar it minsklik gehoar allegearre rou, skel en snijend klinke, en ek as komme se djip út 'e kiel wei. De gearstalling fan dy komplekse fokalisaasjes en wat de fûgels der krekt mei kommunisearje wolle, wurdt anno 2025 noch min begrepen troch ornitologen.
Krieën, lykas de swarte krie (Corvus corone), de roek (Corvus frugilegus) en de raven (Corvus corax), hawwe in foarm fan krassen dy't klinkt as kô-kô-kô of mear as kaa-kaa-kaa. In besibbe soarte, de ka (Coloeus monedula) tanket syn (klankneibearende) namme sels oan dy rop. De krekte klank fan dy fokalisaasje fariëarret fan soarte nei soarte, en binnen soarten bestiet der in regionale fariaasje. It kô-kô-kô wurdt faak utere yn in rige wurdlidden dy't (foar it minsklik ear) identyk klinke. It kin ek wêze dat ien inkeld kô hinne en wer "keatst" wurdt tusken twa fûgels dy't blykber yn petear binne. Ek komt it foar dat der in lang oanhâlde kòòò klinkt (faak utere troch in fûgel dy't op in tûke yn in beam sit, folge troch in rige koartere klanken: kô-kô-kô-kô-kô.
Oare leden fan 'e famylje fan 'e kriefûgels, lykas de ekster (Pica pica) en de houtekster (Garrulus glandarius), hawwe har eigen wize fan krassen. De rop fan 'e ekster is bygelyks in tige werkenbere fokalisaasje, dy't klinkt as kch-kch-kch. It kin wêze dat dat wol tsien kear efterinoar werhelle wurdt. It klinkt suver wol wat as stikt de fûgel earne yn en besiket er datjinge út 'e kiel op te hoastjen. By in protte soarten kriefûgels feroaret it patroan fan it krassen en it tal kearen dat der roppen wurdt yn reäksje op foarfallen yn harren om-en-by, lykas de oankomst of it fuortfleanen fan soartgenoaten of de oanwêzigens fan minsken of rôfdieren.
Kategory:Bistelûd Kategory:Kriefûgel
en:Corvus#Calls