De lytse rysfjildrôt (wittenskiplike namme: Rattus losea) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is lânseigen yn dielen fan Súdeast- en East-Aazje. It is in middelgrutte soarte, dy't benammen nachts aktyf is. De lytse rysfjildrôt hat in herbivoar dieet dat foar it meastepart út rys en oare lânbougewaaksen bestiet. Fan gefolgen wurdt dit bist troch bouboeren as skealik ûngedierte beskôge. De IUCN klassifisearret de lytse rysfjildrôt as net bedrige.

Taksonomy De lytse rysfjildrôt waard foar it earste wittenskiplik beskreaun yn 1871 troch de Ingelske diplomaat en natoerûndersiker Robert Swinhoe. In synonym foar de wittenskiplike namme Rattus losea is Rattus exiguus. Ek wurdt dit bist bytiden wol foutyf oantsjut as Rattus hoxaensis, wat eins in synonym is foar de (gewoane) rysfjildrôt (Rattus argentiventer).

Fersprieding De lytse rysfjildrôt hat in diskontinuë fersprieding yn Aazje. Yn it suden fan East-Aazje komt dit bist foar by de Sineeske kust lâns fan it noarden fan 'e provinsje Fujian oant it westen fan 'e autonome regio Guangxi. Dan is der in lytse ûnderbrekking by de grins mei Fjetnam, wêrnei't it ferspriedingsgebiet yn Súdeast-Aazje yn it leechlân fan 'e Reade Rivier by Hanoi wer begjint en nei it suden ta trochrint oant de omkriten fan Hue en Da Nang, yn sintraal Fjetnam. De lytse rysfjildrôt komt yn East-Aazje ek foar op 'e eilannen Taiwan en Hainan.

Yn Súdeast-Aazje komt dit bist fierders ek foar yn in areaal dat it leechlân fan sintraal, noardlik en eastlik Tailân omfettet, mei dêropta it streamgebiet fan 'e rivier de Mekong yn westlik Laos, hast hiel Kambodja útsein de noardeasthoeke fan dat lân, en de Mekongdelta yn súdlik Fjetnam. In isolearre populaasje libbet op it Taiske diel fan it skiereilân Malakka, besuden de Lâningte fan Kra.

Uterlike skaaimerken De lytse rysfjildrôt is in middelgrut lid fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Fan besibbe soarten út itselde gebiet ûnderskiedt dit bist him troch lytsere earen, sêfter hier en in koartere, ribbele sturt.

In bist út 'e populaasje yn East-Aazje en noardlik Fjetnam hat trochinoar in kop-romplingte fan 12–181/2 sm, mei in sturtlingte fan 101/2–18 sm en in gewicht fan 90 g. De pels is grizich brún op 'e rêch en grizich op 'e bealch. De hierpunten kinne op 'e bealch lykwols wyt of krêmkleurich wêze. De sturt, dy't altyd 11/2–1/2 sm koarter is as de kop-romplingte, is twakleurich: dûnker fan boppen en ljocht fan ûnderen.

In rôt út 'e populaasje út Tailân en it streamgebiet fan 'e Mekong is yn ferhâlding mei de beskriuwing hjirboppe wat lytser en bûnter. De kop-romplingte bedraacht 12–17,7 sm, mei in wat sturt dy't wat koarter is yn ferhâlding ta it lichem. De pels hat op 'e rêch in brune oant readbrune kleur, en is op 'e bealch dûnkergriis mei gielich brune hierpunten. De sturt hat mar ien kleur: dûnker, en de poaten hawwe dyselde kleur.

Biotoop Lytse rysfjildrotten komme benammen foar yn kultuerlânskippen, lykas sawa's (rysfjilden), hôven en plantaazjes. Yn 'e Taiske provinsje Chaiyaphum is in populaasje beskreaun dy't op in ûnoantaaste gersflakte libbe, wat mooglik it oarspronklike biotoop fan 'e hiele soarte wêze kinne soe.

De lytse rysfjildrôt komt almeast mei oare, wat gruttere soarten echte rotten foar, lykas de (gewoane) rysfjildrôt (Rattus argentiventer), de swarte rôt (Rattus rattus) en de Aziatyske swarte rôt (Rattus tanezumi). Wat grutter de pleatslike populaasje fan dy bisten, wat lytser de populaasje fan 'e lytse rysfjildrôt wêze sil. Lytse rysfjildrotten kinne inkeld de dominante rottesoarte wurde yn habitats mei in tige hege wetterstân en ûnregelmjittich foarkommende grutte oerstreamings (lykas yn sawa's).

Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen en de ekology fan 'e lytse rysfjildrôt is noch net folle bekend. Dit bist hat in herbivoar dieet, dat foar it meastepart bestiet út rys en oare lânbougewaaksen. Mar trochdat de lytse rysfjildrôt frijwol altyd foarkomt op plakken dêr't ek oare rottesoarten libje dy't ek lânbougewaaksen oanfrette, is it dreech om krekt oan te jaan hoefolle en hokker skea oft spesifyk troch de lytse rysfjildrôt feroarsake wurdt.

De fuortplanting hinget by de lytse rysfjildrôt sterk ôf fan 'e agraryske syklus: de peartiid set ornaris útein wannear't de rys oanplante wurdt en de sawa's ûnder wetter komme te stean. De draachtiid duorret likernôch 21 dagen, wêrnei't it wyfke 2–13, mar yn trochsneed 7–8 jongen smyt. Dy komme blyn, keal en helpleas te wrâld, mar ûntjouwe har fluch. Mei 3 wiken wurde se ôfwûn. De libbensferwachting fan lytse rysfjildrotten is noch ûnbekend.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e lytse rysfjildrôt binne ferskate soarten slangen en ûlen.

Status De lytse rysfjildrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Troch de measte rysboeren wurdt dit bist om foar de hân lizzende redens beskôge as skealik ûngedierte en ek as sadanich bestriden.

Undersoarten De lytse rysfjildrôt komt foar yn twa dúdlik ûnderskate foarmen: de iene yn East-Aazje en it noarden fan Fjetnam, en de oare yn it streamgebiet fan 'e Mekong en yn Tailân. It hat wol kâns dat it dêrby om twa ferskillende ûndersoarten giet, mar dat is noch net formeel fêststeld. In oare mooglikheid is dat yngeander ûndersyk oan it ljocht bringe sil dat it eins twa selsstannige soarten binne. Fierders is der ek noch de isolearre populaasje op it skiereilân Malakka. It is noch folslein ûndúdlik hoe't dy him ta de beide (oare) ferskiningsfoarmen fan 'e lytse rysfjildrôt ferhâldt.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan