Manitou (útspr.: [ˈmanitu], likernôch: "maa-ny-tû"; Ingelske útspr.: [ˈmænɪtuː], likernôch: "mê-nit-tûû") is yn 'e animistyske natoerreligyen fan 'e lânseigen Algonkwynske folken fan Noard-Amearika de fûnemintele libbenskrêft dêr't de wrâld fan trochjûn is. Dy krêft soe himsels manifestearje yn alles, fan organismen oant dingen dy't net libje, lykas stiennen en wetter, mar ek yn foarfallen.

De term manitou ferwiist ek nei spesifike boppenatuerlike wêzens, geasten of godheden, dy't ornaris ferbûn binne mei ien beskaat geografysk plak, bgl. in mar, in fulkaan of in waarmwetterboarne. De heechste god fan 'e Algonkwinen, de Grutte Geast, hjit yn harren eigen talen Āsha Manitō, de "Goede Geast", of Gitche Manitō, de "Grutte Geast".

It wurd manitou waard foar it earst yn 1585 troch Thomas Harriot fêstlein yn in wurdlist fan it Karolina-Algonkwynsk (ek bekend as Roanoke of Pamlico), yn 'e foarm mantóac, mei de betsjutting "goaden en goadinnen". It wurd komt ek yn ferskate toponimen yn Noard-Amearika foar, lykas de namme fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba, dy't ferneamd is nei de Manitobamar. Dy lêste namme komt fan manitou-wapow, dat "ingte fan 'e manitou" betsjut, ferwizend nei de smelte yn 'e midden fan 'e mar. Oare foarbylden binne it eilân Manitoulin en de plakken Manitou yn Manitoba, Manitou Springs yn Colorado, Manito yn Illinois en Manitowoc yn Wisconsin.

Kategory:Yndiaanske mytology yn Noard-Amearika Kategory:Geast Kategory:Animisme Kategory:Kry Kategory:Odjibwe