De oranjehalskasuaris (Casuarius unappendiculatus) is in fûgel dy't net fleane kin yn it skaai kasuarissen (Casuarius) út 'e famylje kasuarisfûgels (Casuariidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst beskreaun yn 1860 troch Blyth. It is in endemyske fûgelsoart fan Nij-Guineä.
Skaaimerken thumb|left|Oranjehalskasuaris. De oranjehalskasuaris is hast like grut as de helmkasuaris en wurdt likernôch 1,5 oant 1,8 meter heech. De fûgel hat hurde swarte fearren, in blauwe kop mei in trijhoekige helm en in readoranje nekke. De poaten binne tige foars en ha in lange, dolkeftige klau oan 'e binnenste tean. Mantsjes en wyfkes sjogge der allyk út, mar it mantje is mei 30 oant 37 kg minder swier as it wyfke fan likernôch 58 kg. Op 'e strúsfûgel, de Somalyske strúsfûgel en de helmkasuaris nei is it de swierste fûgel fan 'e wrâld.
Fersprieding De soarte libbet yn 'e kustsompen en leechlânreinwâlden fan Nij-Guineä en op 'e eilannen Japen, Batanta en Salawati (Yndoneezje). Fierder wurdt de fûgel waarnommen yn Papoea Nij-Guinea oant de rivier de Ramu yn 'e provinsje East-Sepik. Se komme leaver net op hichten heger as 490 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen De oranjehalskasuaris yt meast fruchten en lytse dieren (ynsekten en lytse wringeleazen).
It mantsje boud in goed ferside sittend nêst, wêryn't it wyfke trije oant fiif griene aaien leit. Dêrnei giet it wyfke nei in oar mantsje (polyandry) en it mantsje briedt de aaien út en bringt de piken grut.
Status Der hat altiten in soad jacht op 'e fûgels west en eartiids foarme de jacht gjin bedrigiging foar de populaasjes. Troch houtkap en it omsetten fan bosken yn lânbougrûn, in bettere ynfrastruktuer en it besit fan fjoerwapens is de jachtdruk lykwols tanommen en kromp it habitat. Dêrom waard de oranjehalskasuaris sûnt 1994 as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre. Yn 2017 waard dúdlik dat de ynfloed fan 'e jacht oerdreaun wie en dêrfandinne waard de soarte wer as net bedrige (Least Concern) klassifisearre en sûnt net feroare (2025). Dochs is de oranjehalskasuaris sûnt 2022 de meast bedrige fan 'e trije besteande kasuarissoarten. Jacht wurdt noch altyd beskôge as de grutste bedriging. De lânseigen befolking brûkt de bonken en aaien en nimme de jongen mei om se foar it fleis te hâlden. As houtkap mear gebieten fan it bosk iepenet, sil de jacht in grutter probleem wurde. It oantal fûgels wurdt rûsd op 10.000 - 19.999 fûgels (2015) en de oantallen nimme ôf.
Kategory:Kasuaris Kategory:Fûgelskaai Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä