thumb|Campione d'Italia - sjoen fan 'e oare kant fan it Lugano-mar thumb|Lokaasje fan 'e gemeente oan it Lugano-mar yn Switserlân Campione d'Italia is in plak en gemeente yn 'e Italjaanske provinsje Como en de regio Lombardije en leit oan de Mar fan Lugano.
Campione d'Italia is in Italjaanske eksklave (leit folslein bûten de rest fan Itaalje) en foarmet in enklave yn it kanton Ticino yn Switserlân. Lykas de kraai fljocht, is it sawat 1 km fan Itaalje, mar fanwegen it drege terrein is de ôfstân oer de dyk 10 km. De rêst fan it lân is oer de mar te beriken nei it noarden ta as nei it súden ta.
De gemeente krige de status fan in enklave doe't it kanton Tisino yn 1798 besleat om part te wurden fan Switserlân, wylst de ynwenners fan Campione besleaten om diel út te meitsjen fan Lombardije. De namme d'Italia waard tafoege yn 'e tiid fan Mussolini.
Oant 1 jannewaris 2020 wie Campione d'Italia in belestingfrij gebiet.Rjochtline (EU) 2019/475 ta wiziging fan Rjochtlinen 2006/112/EG en 2008/118/EG oangeande de opname fan 'e Italjaanske gemeente Campione d'Italia en de Italjaanske wetters fan Lake..., bekostige út de opbringsten fan it Casino di Campione.
Referinsjes
Eksterne ferwizings Jan S. Krogh's Geosite: Oer Campione d'Italia
Kategory:Plak yn Lombardije Kategory:Gemeente yn Lombardije Kategory:Mar fan Lugano Kategory:Enklave Kategory:Eksklave