De Bola del Mundo of Alto de las Guarramillas (2.265 m) s in berch yn de Sierra de Guadarrama, yn de regio Madrid, yn sintraal Spanje. De oarsprong fan de namme Bola del Mundo (Frysk: wrâldbol) is relatearre oan de ynstallaasje fan antennes op de top fan de berch, dy't tsjinje ta fersterking fan telefyzjesinjalen noardlik fan de Sierra de Guadarrama.

De antennes dogge tinken oan raketten lykas tekene yn it tekenteltsje-Raket nei de moanne yn de searje Túfke. Yn de tiid dat de antennes ynstallearre waarden wie der yn Spanje mar ien tv-kanaal (it steatskanaal 'TVW', wat no 'La 1' wurden is), en it iennige programma dat doe útstjoerd waard wie "La Bola del Mundo".

Beklimming De rapste beklimming giet fia Puerto de Navacerrada, dêr't in stuoltsjeslift in part fan de ôfstân nei de top ôflein wurde kin oant Dos Castillas. Boppedat bestiet der in priveewei nei de top, dy't lykwols net foar algemien gebrûk iepensteld is.

Hurdfytsen De Bola Del Mundo is yn 2010 foar it earst opnaam yn de Omgong fan Spanje. Mei 22 kilometer in stiichingspersintaazje fan gemiddeld 6,1% en útsjitters nei 20% is dit ien fan de swierste beklimmingen yn de hurdfytssport.

Jier Winner 2010 Vincenzo Nibali 2012 Denis Menchov 2025 Jonas Vingegaard

Kategory:Berch yn Spanje Kategory:Madrid (autonome mienskip)