thumb|It plak fan Sint-Bartelemy Sint-Bartelemy (Frânsk: Saint-Barthélemy), benammen yn it Ingelsk gauris St. Barts neamd, is in lyts Karibysk eilân sa’n 25 kilometer fan Sint-Marten ôf. It eilân is bekend as de eksklusyfste Karibyske bestimminghttps://www.st-barths.com/en, mei filla’s fan ferneamde persoanen en megajachten dy’t har havenstedsje Gustavia oandogge.
Neist syn eksklusive karakter is it eilân bekend om it fleanfjild Rémy de Haenen, dat skean tsjin in heuvel oanlein is, en hotel Eden Rock dat boppe-op in grutte rots leit.
It eilân, mei wat mear as 7000 ynwenners, wie fan de Napoleontyske tiid oant 1878 in Sweedske koloanje. Strjitnammebuorden drage noch hieltyd sawol de oarspronklike Sweedske namme as de nije, Frânske namme. Ek de Sweedske trije kroanen stiet noch yn de flagge fan it eilân.
Hast al it ferkear nei it eilân giet fia de haven fan Philipsburghttps://sxm-ferry.com/, it Fleanfjild Prinses Julianahttps://www.sxmairport.com/ op Sint-Marten of it fleanfjild fan Grand Case op Frânsk-Sint-Marten.https://www.saintmartin-airport.com/
Kategory:Oerseesk gebietsdiel fan Frankryk Kategory:Ofhinklik gebiet yn Noard-Amearika Kategory:Spesjaal territoarium fan de Jeropeeske Uny Kategory:Eilân yn it Karibysk Gebiet Kategory:Histoaryske Sweedske koloanje Kategory:Histoaryske Frânske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007