Melle Veenstra (Dokkum, 30 septimber 1900 - Hamm, Dútslân, 24 desimber 1944) wie in aktyf keatser tusken 1919 en 1944. Hy helle 21 punten foar it ivich keatsklassemint en wûn fjouwer kear in wedstriid.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Veenstra nei in keatswedstriid oppakt troch de Dútsers en nei Dútslân stjoerd, foar de Arbeitseinsatz Melle Veenstra kaam op 24 desimber 1944 yn 'e âldens fan 44 jier, om it libben yn it Dútske Hamm. Yn 1947 is de Hilfertsomske keatsferiening dêr't hy jierenlang foar keatst hat nei him neamd.

Prizen 1916 - Freule 4e priis 1918 - Jong Nederlân 3e priis 1919 - Jong Nederlân 2e priis 1919 - PC 3e priis 1926 - PC 3e priis 1927 - de Bond 5e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1944 Kategory:Persoan berne yn Dokkum